Frâns Kuipers: polityk is net alles?

maaie 19, 2018 20:00

Kollum

In bekende politike siswize is: Alles is polityk, mar polityk is net alles. Dat is in gearfetting fan hoe’t it politike dwaan en litten fan en troch ús oerheden belibbe of besjoen wurdt. Elkenien hat mei polityk te meitsjen. Faak genôch posityf, mar faak genôch ek negatyf. Alle politike besluten – gemeenten, provinsje en Ryk – hawwe ynfloed op it deistich libben, it deistich dwaan en litten fan elkenien. In nije kajút op jins hûs, of in garaazje op it hiem sette, giet net sûnder in beslút fan de gemeente.

Polityk stiet hieltyd fierder fan ús ôf. It is ferwurden ta toanielstikjes dy’t fia it ynternet te folgjen binne. Moderne tiid, moai fansels. Nije tiden! Gruttere partijen binne – sûnder dat se it bewust neistribje – de lêste tsien, fyftjin jier aloan fierder fan ús it deistich libben of kommen te stean. It yn stân hâlden fan de eigen partij-organisaasje is op ’t stuit in haadpunt, want it ledetal sakket mar troch. Itselde jildt foar de measte tsjerken. Eartiids wie it hiel gewoan dat men as meilibjend lid fan de mienskip ek lid of begeunstiger wie fan bygelyks it CDA, de VVD, de PvdA of yn Fryslân de FNP. Mar dat is al lang net mear sa. Lytsere lokale partijen of partijen mei ien of in pear doelen yn it findel, nimme stadichoan de politike en bestjoerlike macht oer. Dy slute blykber better oan by wat de minsken yn doarpen of stedswiken dwaande hâldt en graach berikke wolle.

Op ’t stuit binne de measte nije kolleezjes sa’n bytsje klear. Se hawwe hjir en dêr in oare politike kleur krige. Opfallend is dat promininten fan besteande, eartiids gruttere partijen lykas it CDA oanlutsen wurde om nije gemeentebestjoeren gear te stallen. Opfallend is dat der socht wurdt om (mear) gearwurking mei opposysjepartijen. It giet ommers om it algemiene belang fan de gemeente en net om wat in pear (winnende) partijen der trochdrukke wolle. Dit is in goeie ûntwikkeling, alhoewol der wol opposysje bliuwe moat om in gemeentebestjoer skerp te hâlden. Dualisme bliuwt nedich.

Dat polityk net alles is wurdt – as in slach by heldere himel – dúdlik yn de kop fan de Ljouwerter Krante fan tiisdei 8 maaie 2018. Mei koweletters stiet op de foarside dat banken de finansjele gongen fan politisy neigean moatte. Politisy kinne of moatte omraak netwurkje, sa’t dat neamd wurdt, om bygelyks (gruttere) bedriuwen nei Nederlân of de eigen regio te lûken. ‘Kadokes’ fuortjaan of krije past dêr soms in bytsje by. De ferlieding om  – sûnder erch – as persoan fan foardielen te profitearjen is soms grut. Mar soms giet soks bewust, en dan is it nammerste nuodliker foar it oansjen fan de polityk. Hoefolle politisy kamen yn kabinet Rutte-2 finansjeel yn opspraak en moasten harren ministerspost ferlitte? Allinne al it feit dat it finansjele dwaan en litten fan politisy neigien wurde moat is eins al beskamsum. Is der dan nimmen mear te fertrouwen?

It skeinde oansjen fan de polityk hat elkenien sjen kinnen by it ûnnoazele ‘gedoch’ yn de Twadde Keamer by de behanneling fan it ôfskaffen fan de dividindbelesting te’n geunste fan grutte bedriuwen as Unilever en Shell. In kostepost fan 1,4 miljard eurootsjes. Unfoech, sa’t Rutte en syn koälysjekompanen dêr in beskamsume fertoaning fan makken. De trochsneed kiezer waard op ’e nij befêstige yn syn/har miening oer de polityk. In safolste befêstiging dat ‘Polityk net alles is’.

Dat negative byld moatte alle partijen harren oanlûke en dy moatte ta ynsjoch komme dat earlik it langst duorret. De nije gemeenterieden en de nije kolleezjes kinne dêr by wize fan sprekken moarn al mei begjinne. Bygelyks troch de mienskip noch mear as oan’t no ta te belûken by de útfiering fan it (nije) belied. Lis de mienskip foar wat de plannen binne foar de kommende fjouwer jier.

Yn maart 2019 binne der wer steateferkiezingen en geane alle partijen wer op ’n paad om harren boadskip mei in protte tam-tam te ferkeapjen. Net nedich as oeral yn de provinsje minsken yn sealtsjes byinoar komme foar beskate tema’s, en dat harren frege wurdt om ried te jaan oer saken, dy’t spylje of yn de kommende tiid spylje sille. Freegje, yn stee fan it te sizzen en op te lizzen, hoe’t wy allgearre mei-inoar Fryslân it bêste draaiende hâlde kinne of moatte. In goeie siswize is: De wiisheid leit op strjitte. Polityk is net alles? Kom no! Net sjitte is altyd mis.

Ien fan de fragen is: Hoe hâlde wy Fryslân moai? (Foto Frâns Kuipers)

 

maaie 19, 2018 20:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Bertus Jans Postma maaie 25, 16:56

    Kuitert koe it moai sizze. Yn de 4-talige Waadhoeke fernimme wy syn gelyk: in boargemasterskandidaat hoecht allinnich mar ta te sizzen, dat er ús taal leare sil te ferstean. De frou/ man is der net foar de minsken, mar de minsken lykje der foar har/him te wêzen, de taal fan de measte Waadhoeksters ferrekt CDA en SAM nul en neat. De FNP hie fuort út de ‘fertrouwenskommisje’ stappe moatten. De 4 boargemasters fan ‘t Bilt, Littenzeradiel, Frjentsjerteradiel en Menameradiel, de kommissaris en de minister fan Ynlânske saken en Keninkryksrelaasjes binne te kyk en te kak set.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.