Flaamsk Ronse wol fan it Frânsk ôf

maaie 9, 2018 21:36

Ronse. Foto: Wikipedia.

De Flaamske gemeente Ronse wol it Frânsk net langer as twadde offisjele taal brûke. Ronse leit yn it Nederlânsktalige Flaanderen, mar it is in saneamde fasiliteitegemeente, dy’t ferplichte is om ek it Frânsk te brûken, as ynwenners dêrom freegje. Tolve Flaamske gemeenten hawwe fasiliteiten foar Frânsktaligen, fjouwer Waalske hawwe se foar Nederlânsktaligen en twa Waalske gemeenten hawwe se foar Dútsktaligen. De fasiliteitegemeenten binne ûntstien doe’t België yn 1963 offisjeel yn fierhinne selsstannige taalgebieten opdield waard. It giet om gemeenten dy’t doe al foar in grut part twatalich wiene.

Yn Walloanië meitsje Nederlânsktaligen amper gebrûk fan de fasiliteiten. Hja brûke almeast sûnder problemen it Frânsk. Oarsom jildt dat net sa: Frânsktalige ynwenners fan de Flaamske fasiliteitegemeenten hâlde fêst oan it Frânsk. Yn Flaanderen geane al lang stimmen op om de fasiliteiten stadichoan ferdwine te litten.

Ronse is de earste gemeente dy’t sels fan de fasiliteiten ôf wol. It is in gemeente om in lytse stêd hinne, yn East-Flaanderen. De measte oare fasiliteitegemeenten binne wengemeenten fan Brussel, dêr’t hieltyd mear Frânsktaligen komme te wenjen en de spanning tusken de taalgroepen grutter is. Yn Ronse binne minsken altyd wol ree om in Frânsktalige dy’t noch net sa goed Nederlânsk praat efkes yn ‘e eigen taal te helpen, sa seit de gemeenterie.

Twatalich plaknammeboerd fan Ronse.

Alles yn twa talen dwaan, is djoer. Boppedat moatte de amtners allegear kursussen Frânsk folgje en kin de gemeente Ronse net mei buorgemeenten fusearje, omdat dy ientalich binne. De gemeente is dêrom fan betinken dat Ronse offisjeel ientalich Nederlânsk wurde moat. Dat kin er lykwols net sels útmeitsje. De taalgrins is in nasjonale kwestje. Ronse kin syn fasiliteiten allinne kwytreitsje, as de Frânsktalige partijen yn it Belgyske parlemint dêr ek yn mearderheid foar binne. Dy kâns is net sa grut. Ronse wol dêrom ûndersykje oft it ek as diskriminaasje beskôge wurde kin dat amtners fan de gemeente it Frânsk behearskje moatte. Hja hawwe in abbekaat yn ‘e earm nommen en wolle de saak foar de rjochter bringe.

maaie 9, 2018 21:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.