Ferhaal: Us beppe Durkje

maaie 19, 2018 09:08
It ûndersteande ferhaal krigen wy tastjoerd nei oanlieding fan ús oprop om kreative bydragen. Mear ferhalen en gedichten binne wolkom. Wy sette alle sneonen ien yn de rubryk Ferdivedaasje. Redaksje It Nijs

Us beppe Durkje

Koart ferhaal fan Folkje Koster

Foto: Wikipedia/Onderwijsgek – lisinsje CC BY-SA 3.0 nl)

Us beppe Durkje waard berne yn 1894 en doe’t se stoar wie se tachtich jier. Se wenne flak by ús. Ut it keukensrút wei seagen wy de bakkerij fan Wytsma en dêr foaroer wenne beppe. Eartiids hie dat de skoalle west. Dêrom neamden wy dat altyd de âld skoalle. Yn ’e achterein hiene heit en omke Kor opslachromte en de foarein wie ferboud as hûs. Beppe sliepte ûnder en op de earste ferdjipping wiene noch trije sliepkeamers en in badkeamer. Ien fan de keamers wie ferhierd. Dêr wenne juffrouw De Jong. Juffrouw Granneman – “Gerke’ juf/Gerke’ Suus” – hat oait leau’k ek by ús pake en beppe yn ’e kost west, mar dat wie foar myn tiid. En wêr’t se doe krekt wennen, dat wit ik net.

Us beppe haakte altyd spreien. Moaie wite. Mar se hie ek altiten tiid foar ús. Wy kamen der faak. Moarns as we nei skoalle ta giene, brochten we de krante oan. En middeis kamen we gauris te spultsjedwaan. ‘Mens-erger-je-niete’ bygelyks of Flip en Flap. Dat lêste spultsje bin ik fierder noait wer tsjinkaam. Flip en Flap wiene twa hûnen. Hoe’t it krekt gie wit ik net mear, ik tink sokssawat as guozzeboerd, mar der kaam yn elts gefal wol in pot oan te pas. Dêr hiene wy dan meastentiids rezyntsjes of wibertsjes yn. Wa’t wûn, dy krige de pot. As we by ús beppe chips krigen, dan wie it Nibbit of tsiissjips. Ik leau dat ik der noait oare hân ha.

Beppe paste ek wolris by ús op. Op in jûn soe ik mei beppe by ús thús húswarje, mar dan soe ik letter by beppe sliepe. Foar de tiid wie ik al by har. Mar doe’t wy it bêd opmakken, doe tocht ik, ik moat hjir fannacht net sliepe. Ynienen wie ik sa ûnwennich as in kat. Beppe en ik hawwe tegearre húswarre, mar ik haw thús slept. Ik haw doe in skoftsje lêst hân fan ûnwennigens, mar gelokkich is it wer oerbettere.

De lêste jierren giene wy mei beppe har jierdei in dei op stap mei de hiele famylje. Dat wie altiten gesellich. Ien kear barde it dat de bus pech krige. Wy hawwe doe allegear mei-inoar oan it triuwen west.

Op 6 maaie 1975 is beppe ferstoarn. Ik wit noch dat ús mem it my fertelde. Ik wie hielendal oerstjoer. Snapte net hoe’t dat samar ynienen koe. Op 5 maaie hiene wy noch by har west. Wy hiene mei ús heit en mem fuort west, 5 maaie sil doe ek in nasjonale feestdei west hawwe, tink. Dêrnei hawwe wy noch efkes by beppe west. Ik frege my ôf oft wy te drok west hiene. Ik koe it gewoan net begripe dat beppe der net mear wie. Beppe wie ek de earste deade dy’t ik seach. Se lei yn de kiste op har sliepkeamer. De begraffenis haw ik net hinne west. Fan ús heit en mem hoegde it ek net beslist. No fyn ik it suver wat raar, mar ik koe it doe gewoan net.

Us heit en mem, omke Kor en tante Griet, tante Akke en tante Wim moasten fansels alles regelje. Us Jan en Rients en ik giene doe nei de bern fan omke Kor en tante Griet ta. Dy wiene âlder en pasten op ús. It wie ek noch krekt Gretha har jierdei. Wy ieten ek mei-inoar. Thús wiene wy allegear wend om út de Bibel te lêzen, dus dat diene wy doe ek. Us Rients, doe sân jier, moast mar lêze, fûnen wy allegear. Yn it stik dat er lies kaam it plak Kapernaüm foar. Us Rients spruts dat doe wat ferkeard út. It wie fansels ek net sa’n maklik wurd foar ien fan sân jier. Hy lies Kaaper-na-um of sokssawat. Ik wit noch dat we allegearre ferskriklik laitsje moasten.

En dat is no’t ik dit skriuw alwer mear as fjirtich jier ferlyn…

maaie 19, 2018 09:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.