Feie Fonyk: Arabysk foar Twadde Keamer

maaie 17, 2018 12:00 Fernijd

Kollum

De toer fan Babel is in skilderij fan Pieter Breughel út 1563. It hinget yn Museum Boijmans yn Rotterdam. De skilder koe it ferhaal. Hy skildere de toer sa heech dat de top yn de wolken rikt. Mar it bouwurk is net ôf. God komt del en makket in ein oan de dream fan de bouwers om in toer oant yn de himel te meitsjen, sadat se ferneamd wurde sille en net oer de ierde ferstruid. “Doe kaam de Heare del om de stêd en de toer dy’t de minsken makke hienen, te besjen. En de Heare sei: Sjoch, hja binne ien folk en hja hawwe allegearre ien taal. Wat se no dogge is noch mar it begjin, skielk sil har neat mear ûnmooglik wêze fan alles dat se fan doel binne. Kom lit ús delkomme en dêr har taal betiizje, dat de iene de oare syn taal net mear ferstean kin. Sa ferstruide de Heare har dêrwei de hiele ierde oer en hja hâlden op de stêd te bouwen.” (Genesis 11: 5 – 9).

Der falt oer dit ferhaal mear te sizzen as de tradisjonele útlis. Fansels is it ferhaal fan Babel troch minsken betocht. Dat betsjut dat jo der ek sels dingen by betinke kinne.

Dat docht Jonathan Sachs. Hy is in Britske rabby. Hy sjocht yn de bou fan de Babelske toer in earste totalitêre beweging. It liket derop dat der by de minsken gjin ferskaat wêze mei. Se prate allegearre deselde taal en wolle byinoar wenjen bliuwe. Dat is neffens Sachs net de bedoeling fan de Heare. Hy, de Heare God, is fan betinken dat it just goed is dat der mear talen praat wurde en de minsken harren eigen wei geane. Der sille grif teologen wêze dy’t Sachs syn útlis net bibelsk fine. Der hawwe se gelyk oan. Mar it ferskaat oan talen en dat minsken harren eigen wei gean moatte, sprekt my wol oan.

It learen fan talen dy’t fier fan de eigen taal ôf steane, 

is foar in soad folwoeksenen hast ûnmooglik. 

Wy binne moai klear mei al dy talen. It libben wurdt der net makliker fan. De Poal Lejzer Zamenhof (1859 – 1917) tocht dat er de oplossing fûn hie mei syn Esperanto. Yn 1887 publisearre dy ûnder de namme dr. Esperanto in boek oer in keunstmjittige taal dy’t er sels betocht. In taal dy’t foar eltsenien maklik te learen is. Op it stuit wurdt dy taal yn mear as 120 lannen brûkt troch sa’n twa miljoen minsken. Dat is net folle. Der is fan Zamenhof syn idealisme net in soad terjochte kommen. Spitich, mar it is net oars.

It is net maklik om in oare taal te learen. Dat hie mei Esperanto as mienskiplike twadde taal foar eltsenien op de ierde – Zamenhof syn bedoeling – aardich ienfâldiger west.

Wa’t yn Nederlân in nije takomst begjinne wol, moat tsjintwurdich ynboargerje. Dat betsjut de Nederlânske taal leare. Der wurdt troch in soad minsken dy’t it sels net hoege te dwaan, fierstente ienfâldich oer tocht. Foar Fryskpraters binne talen as it Nederlânsk en it Dútsk maklik te ferstean. Wa’t Nederlânsk as earste taal hat kin in Dútser dy’t net al te fluch praat, foar in grut part begripe sûnder dat er ea Dútsk leard hat. Dat is oarsom ek it gefal.

Foar talen dy’t fierder útinoar lizze, wurdt it in oar ferhaal. Sineesk, Japansk of Arabysk fergje jierren fan stúdzje. Wy hawwe de lêste fjirtich jier minsken oeral wei yn ús lân krige. Der binne op dit stuit benammen âldere migranten dy’t nei lange jierren noch hast gjin Nederlânsk prate. Dan hoege wy it oer it Frysk al hielendal net te hawwen. It soe Fryske migranten dy’t yn Arabyske lannen telâne kamen ek sa gean. Bern leare maklik in oare taal, troch de yntinsive kontakten op skoalle en mei oare bern. Foar folwoeksenen stean de saken der oars foar.

De Twadde Keamer hat goed yn ’e gaten dat migranten har yn ús lân allinne thús fiele kinne en in nij bestean opbouwe kinne as se de taal behearskje. Dat moat dan wol mooglik makke wurde troch in breed oanbod fan kursussen en net te ferjitten de ferplichting om deroan mei te dwaan. It soe in goed ding wêze omt de Twadde Keamer, en oaren dy’t maklik tinke oer it oanlearen fan frjemde talen, in skoft ferplicht Arabysk folgje te litten.

maaie 17, 2018 12:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*