Farrende eksposysje 11Fountains hellet 10.000ste besiker yn

maaie 7, 2018 12:20

Snein 6 maaie 2018 helle de farrende eksposysje 11Fountains yn Sleat de 10.000ste besiker oan board fan de Tromp yn. In mylpeal foar de 11Fountains. De eare giet nei Reitsma en ’e frou út Midslân (Skylge). Sy steane op in kemping yn Boalsert en reizgen mei de bus spesjaal nei Sleat om dêr de eksposysje te sjen. Oan board fan it histoaryske sylskip krigen se in blomke fan boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren.

Sneon 5 en snein 6 maaie lei de Tromp – mei oan board in eksposysje oer de 11Fountains – yn Sleat. Sûnt it begjin fan de eksposysje yn it iepeningswykein fan LF2018 makket it skip in reis by alle Fryske stêden lâns ûnder de namme ‘De Tocht’. “Geweldich moai! Ik fyn se allegearre geweldich moai”, sei frou Reitsma

De Tocht
De Tocht fertelt it ferhaal efter it projekt 11Fountains. Histoarysk farrend kultureel erfskip, mei oan boord takomstich kultureel erfskip. De eksposysje bestiet út:

  • De maketten fan de fonteinûntwerpen
  • Byldmateriaal fan it meitsjen; efter de skermen sjen yn de studio’s fan de keunstners (ynternasjonaal en Frysk) en by ambachtslju en bedriuwen út binnen- en bûtenlân
  • Boeken oer it wurk fan de keunstners
  • Ferskate aktiviteiten

Iepening 11Fountains
De iepening fan de alve fonteinen is op 18 maaie, fan 15.30 oere ôf yn alle alve stêden. By dy iepening leit de Tromp yn Starum. Dêrnei fart er nei Ljouwert. Sjoch foar it folsleine en aktuele oersicht op www.11fountains.nl/events en klik op De Tocht.

maaie 7, 2018 12:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*