Fan pauwekop oant ploegjende boer

maaie 27, 2018 17:57

foto: Joan v.d. Brug

Ea, lang ferlyn, kipe de jonge Mathijs Bouma, foardat er nei skoalle ta gie, efkes troch de rútsjes fan ien fan de teehúskes op it Bolwurk fan Frjentsjer. Binnenyn stiene in ezel en in âlde stoel en hjir en dêr lei oar skildersark, lykas pinsielen, fervetuben en smoarge doeken.

Mei’t de nijsgjiirrige jonge fan it ‘kypjen’ in gewoante makke, koe it net oars as dat er op in stuit Tjeerd Tuinstra, de brûker fan it atelier, tsjin it liif rûn. De keunstskilder wie in grutte, markante man mei in twingend uterlik. Hoekich, grize lokken, grutte bril, piip yn ‘e mûle en in sikje. Bern dy’t him net koene, wiene miskien wol in bytsje benaud foar him, want Tuinstra wie wat ‘apart’ op it earste gesicht. Mar bang wêze hoegde net. Tuinstra wie in aardige man en prate graach mei minsken. Kultuerleafhawwers wiene tige wolkom yn syn atelier. En omdat Mathijs velangstelling foar keunst hie, mocht dy deryn komme. Letter soe Tuinstra him sels les jaan.

No binne we goed sechtich jier fierder yn ‘e tiid. De jonge Mathijs hjit no menear Bouma en eksposearret, mei seis oare leden fan de Sociëteit fan ECR Kening State, syn wurk yn de gongen fan it eardere Grut Lankum. Lokaasjemanager Simmie Koekkoek fan ECR Kening State (ECR stiet foar European Care Residences) iepene sneon 21 april de tredde eksposysje. De earste twa bestiene út it wurk fan bewenners fan ECR Kening State. De sân eksposanten fan no binne lid fan de Sociëteit. Trije wenje op de lokaasje, de oaren geane ien of mear dagen yn ‘e wike nei de Sociëteit, yn it gebou, yn it ramt fan deibesteging op grûn fan in WMO- of WLZ-yndikaasje. Keunstsinnich, kreatyf dwaande wêze is ien fan de aktiviteiten, en dat betsjut dat de leden ûnder mear tekenje kinne, skilderje of mei klaai of spekstien wurkje. Guon ûntwikkelje pas letter harren kreative talinten. Dat is it gefal mei Hans van der Kamp, Geert Ringewolle en Hofkamp. Sjoerd Gort, Douwe van der Zee, Mathijs Bouma en frou Van der Woude-Hettinga skilderje al hiel lang. Douwe van der Zee hat de keunstakademy Minerva yn Grins dien en mei him beropskeunstner neame.

Net efter de geraniums
Simmie Koekkoek is grutsk op de eksposysje fan no en foaral op de sân minsken dy’t it wurk makke hawwe. It giet ommers om minsken dy’t de sechtich al aardich foarby binne en om watfoar reden dan ek, net mear selsstannich troch it libben kinne. “Elkenien wol âld wurde, mar âld wêze falt betiden net mei”, hold se har harkers foar. Se typearre âld-wurden as in proses, in ûntwikkeling, dy’t ynhâldt dat men in soad loslitte moat en dat is net maklik. “Ik tink dat dizze faze yn it libben yngripender is as de puberteit.” Dochs moatte de minsken dy’t âld wurde meie, hjir trochhinne en dat kin men leare, wie har boadskip. It bêste is om troch te gean mei jin te ûntwikkeljen en mei te dwaan yn de mienskip. Net thús sitte en neat dwaan. Bygelyks meidwaan oan de aktiviteiten dy’t de Sociëteit oanbiedt. Dat soks wurket, blykt út it resultaat dat no oan de muorren yn it gebou hinget. Koekkoek is der mar wat grutsk op en dat binne de keunstners sichtber ek.

De Sociëteit
Kreatyf terapeut Titia de Jong glimket ek. Mei tsien frijwilligers en stazjêren fan de Friese Poort en de Praktykskoalle Snits jouft sy leiding oan de Sociëteit, dêr’t sa’n tsien oant tolve minsken lid fan binne. Titia: “Se komme út de hele gemeente Waadhoeke. Wy dogge fansels folle mear as allinnich mar skilderje en tekenje. Wy fiterje de leden oan om te dwaan wat harren it bêste leit.” Feit is dat der by aktiviteiten as tekenjen, skilderjen en boetsearjen wat oerbliuwt. In produkt dat oan de muorre hingje kin of op in tafel stean kin. En dat ha jo net by oare aktiviteiten, bygelyks kuierjen, lêzen of sport en spul. De frijwilligers Wilma van de Brug en Gerda Booy hawwe de útstalling ynrjochte. Mar dat wie net sa maklik, want de wurken rinne bot útinoar wat ôfmjitting, ûnderwerp en nivo oangiet. In eksposysje ynrjochtsje is net ienfâldich. Elk wurk moat ta syn rjocht komme en smelle tsjustere gongen binne net de ideale eksposysjerûmtes. Mar it is slagge.

Boetsearre swannen
Douwe van der Zee byt yn de hal fan it gebou it spits ôf mei syn baviaan yn pak, kompleet mei strik foar. De kiker moat wat ôfstân hâlde om de eagen fan it bist útkomme te litten. Kiker en aap glimkje neiinoar. Wat soe de aap tinke, tocht ik op in stuit. In skilderij mei dûbele boaiem. It wurk fan Van der Zee lit in ûntwikkeling sjen. Fan syn hân in ‘pop-art’-eftich skilderij mei hurde linen, in felle kleurige pauwekop en grutte hannen pinsiele of boarstele yn floeiende tsjustere kleuren. Hiel oars as it wurk fan Bouma. Fan syn hân hingje der nostalgyske tafrielen oan de muorre. In ploegjende boer, skûtsjes en in boerepleats. Fierder lit Bouma sjen dat er technysk by steat wie om de wjukslach fan in fûgel op it doek te setten. Net allinnich fysyk, mar de bisten fleane noch wier ek, teminsten, sa komt it oer. Syn op it doek ‘boetsearre’ swannen, yn swier waar, binne ymposant. Hiel oars is it Waadlânskip fan Sjoerd Gort. Prachtich skildere. Losse pinsielstreek. Gjin fine lyntsjes, mar in bytsje rûch. It wurk suggerearret in Waadlânskip of wat men mar wol. De kiker kin syn of har fantasy efkes gean litte en dat jildt ek foar de skippen fan Hans van der Kamp. Hjir en dêr wat ‘fegen en halen’ en it ferstân docht de rest. Mar men moat wol wat ôfstân nimme, oars sjogt men de ribbels fan it doek. Net te folle ferve wie it devys.

maaie 27, 2018 17:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.