Fakânsje foar bern minimahúshâldens

maaie 22, 2018 08:05

De gemeente Súdwest-Fryslân set fan ’t simmer noch útein mei in bysûndere proef foar bern út minimahúshâldens. Dit jier kriget ienfyfde part fan dy bern de mooglikheid om mei de húshâlding in wike fakânsje troch te bringen op in kemping of in famyljefakânsjepark. 

De proef rint foarút op it plan fan de gemeente, dy’t ien kear yn ’e fiif jier alle bern út minimahúshâldens sa’n fakânsje oanbiede wol. “It plan is ta stân kaam op basis fan petearen mei bern út de doelgroep, harren âlden en profesjonals”, seit wethâlder Stella van Gent. “By alle partijen stie in fakânsje mei de húshâlding boppe-oan op it listke. Húshâldens yn earmoed sjogge dernei út om efkes te ûntkommen fan it deistich stressfolle bestean.”

Op it stuit wurde tariedings dien om foar twahûndert selektearre húshâldens in gaadlik plak (in kemping of in fakânsjepark dat op bern ynsteld is) te kiezen. De earste selektearre groep bestiet út húshâldens mei bern tusken de fyftjin en achttjin jier. Foar de kategory fan dy jierren is keazen om’t se letter bûten de boat falle. Nei de fakânsjeperioade wurdt de proef evaluearre. Mei de lear- en ferbetterpunten wurdt it programma fan 2019 ôf in fêst ûnderdiel fan it gemeentlik belied.

maaie 22, 2018 08:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*