ETA heft himsels op

maaie 3, 2018 14:25

De ETA bestiet net mear. De Baskyske terroristyske ôfskiedingsorganisaasje hat himsels opheft. Yn in brief dy’t datearre is op 16 april, mar dy’t woansdei yn ‘e Spaanske parse ferskynde, docht de ETA dat te witten.

Euskadi Ta Askatasuna (‘Baskelân en frijheid’) waard yn 1959 oprjochte mei as doel in selsstannich lân Baskelân, dat bestean soe út de fanâlds Baskysktalige gebieten yn Spanje en Frankryk. Yn dy tiid ûnderdrukte diktator Franco Baskelân noch mei hurde hân. Doe’t Spanje yn 1975 in demokrasy waard, gie de ETA lykwols troch. Troch oanslaggen hâlde de ETA it omtinken fan ‘e media. Mei-inoar rekken troch tadwaan fan ‘e ETA 853 minsken dea.

Yn 2011 makke de ETA buorkundich dat der gjin geweld mear brûkt wurde soe. Yn 2017 lange de ETA al syn wapens oan ‘e plysje oer. Earder dit jier frege de organisaasje om ferjouwing foar alle bloedferjitten. Dit wykein is der yn Frânsk Baskelân noch in manifestaasje dy’t weromsjocht op de bluodderige ETA-skiednis.

It konflikt tusken Baskelân en de nasjonale oerheden fan Spanje en Frankryk is de wrâld noch net út, skriuwt de ETA. “Dat konflikt is net mei de ETA begûn en it sil ek net mei de ETA ferdwine.”

De Spaanske minister fan ynlânske saken Juan Ignacio Zoido, docht te witten dat de opheffing fan ‘e ETA der neat oan feroaret dat de Spaanske plysje jacht makket op ETA-terroristen.

maaie 3, 2018 14:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.