Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (15)

maaie 12, 2018 10:46

Yn petear mei Jezus

Breugeman en freonen fêstje net

Johannes de Doper en syn learlingen binne oan it fêstjen en de prysters fan de synagoge lyksa, mar myn freonen en ik ite en drinke en beprate mei niget it bliid boadskip. Dat se freegje my:
“Wêrom fêstje de learlingen fan Johannes en fan de synagoge al en jo learlingen net?”
Ik antwurdzje:
“Op in brulloft yt en drinkt men dochs gewoan? Mar der komt in dei dat de breugeman by har weinommen wurdt. En dan sille se fêstje. En it is oars ek noch sa dat doe’t Johannes kaam, en hy iet en dronk amper, doe seine jim:
‘Hy hat in boaze geast yn, want hy fêstet.’
En no’t ik der bin, en ik yt en drink, no sizze jim:
‘Hy hat in boaze geast yn, want Hy fêstet net.’
Ik sis jim, boaze geasten sjogge boaze geasten, de wiisheid is werom te kennen oan syn wurken en nije wyn heart yn nije sekken.”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
maaie 12, 2018 10:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*