Eric Hoekstra: út ‘Roman fan in hielmaster’ (14)

maaie 5, 2018 10:03

Wetter wurdt wyn

Jacopo Tintoretto (± 1518–1594) Brulloft te Kana

As de wyn oprekket by de brulloft yn Kana yn Galileä, seit ús mem tsjin my:
“De wyn is op.”
Ik sis tsjin har:
“Sis net wat ik dwaan moat, frou. Is myn tiid dan al kommen?”
Sy seit tsjin de tsjinstfeinten:
“Doch mar wat Hy seit.”
Der steane seis lege krûken ree, dy’t brûkt wurde foar de rituele reiniging. Ik sis tsjin ’e tsjinstfeinten:
“Skep dy krûken fol wetter en bring se nei de tafelmaster.”
Dat dogge se. De tafelmaster nimt in slokje fan it wetter út ’e reinigingskrûken en seit dan gjimkjend tsjin de breugeman:
“Elkenien skinkt earst de goeie wyn út, en bewarret de minder goeie wyn foar as de gasten in stik yn ’e kraach hawwe. Mar Jo hawwe it bêste foar it lêst bewarre.”

De foargeande ôfleveringen binne fan 3 febrewaris 2018 ôf hieltyd op sneon op It Nijs publisearre.
Mear ynformaasje oer Roman fan in hielmaster is te finen op https://www.elikser.nl/roman-fan-in-hielmaster-roman-van-een-geneesheer.htm.
maaie 5, 2018 10:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.