Eineksamenkandidaten Frysk: in soad of in bytsje?

maaie 31, 2018 22:47

EksamenDe ôfrûne fjirtjin dagen waarden yn it Nederlânske fuortset ûnderwiis eineksamens dien. 150 learlingen yn Fryslân diene eksamen yn it fak Frysk. Op it tmbû wiene dat 96 jongelju, op ‘e hafû 32 en op it twû 22. Dat binne yn ferliking mei in ferline in soad. It tal eineksamenkandidaten foar it fak nimt alle jierren ta. As ferliking: yn 2015 wiene it noch 85.

Tagelyk is Frysk yn ferliking mei oare fakken in lyts eineksamenfak. Op it hafû en twû sit it sels mei oare lytse fakken lykas Russysk en Spaansk op ‘e alderlêste eksamendei. De Ljouwerter Krante berjochte der fan ‘e wike oer mei de kop: “Slechts 1,76 procent van de scholieren deed examen Fries”. It stik is hjir te lêzen: link.

Oft dy 150 no in soad of in pear wiene, hja hiene it dit jier yn alle gefallen net al te dreech. De learlingen wiene tefreden oer de ynhâld fan it eksamen. Aardich foar It Nijs is dat in kollum fan Henk Wolf dy’t er foar It Nijs skreaun hat, as ûnderdiel fan it hafû-eksamen brûkt is.

Wa’t ris sjen wol oft er it ek meitsje kin, dy kin it hjir besjen:

tmbû: https://www.scholieren.com/eindexamens2018/tips/3/vmbo/49/fries

hafû: https://www.examenblad.nl/examen/fries-havo/2018/havo

twû: https://www.examenblad.nl/examen/fries-vwo-2/2018/vwo

maaie 31, 2018 22:47
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe juny 4, 11:17

    In soad of in bytsje, freget ItNijs, by 1,76 persint fan de skoalbern dy’t eksamen Frysk docht yn in provinsje dêr’t mear as 350.000 minsken it Frysk as memmetaal prate. En dan is ien fan de eksamenteksten ek nochris tige behelpsum by it oankweekjen fan in positive grûnhâlding foar it Frysk oer, dy tekst fan in eks-LC-ekonomyredakteur seit nammentlik dat Frysk prate de provinsje jild kostet. Bravo, eksamengearstallers. Gean sa troch, dan wurdt it noch wolris 1 persint. Wat fansels ek in hieleboel is. En net in skytlytsbytsje. Yn wat oar lân treft men sa’n taalbelied oan? Kasjûbië?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.