Efkes nei domeinnammen strune!

maaie 23, 2018 12:20

PuntFRL stie ferline wike mei Fryske domeinnammen op de grutste iepenloftmerk fan Noard-Nederlân. De moaiste dingen fynt men ommers troch te strunen en dát kin ek nei in digitaal produkt as domeinnammen.

Domeinnammen op ‘e merk
Sneontemoarn 19 maaie socht PuntFRL de echte struners op yn Bakkefean. Yn in goed fol PuntFRL-diske rûn men tsjin T-shirts en truien oan mei de moaiste Fryske domeinnammen derop. Simon de Wilde, wurdfierder fan PuntFRL: “Digitale produkten fynt men gewoanwei net op de rommelmerk, mar mei dizze aksje wolle wy de Friezen sjen litte dat men oeral nei strune kin, ek nei domeinnammen dus!”

Nije webside strune.frl
Op itselde stuit kaam sneon it nije webstee www.strune.frl yn de loft. Krekt as op de merk yn Bakkeveen koene besikers hjir ‘efkes strune’ nei de moaiste Fryske domeinnammen. Tink bygelyks oan hotel.frl, leafde.frl of boatjeshiere.frl. It binne faak koarte domeinnammen en wurden dy’t goed te ûnthâlden binne dêr’t in soad om socht wurdt.

It idee
Der binne noch in hiel soad moaie Fryske domeinnammen frij. “As jo troch de list skrolle dan wurde jo fansels begearich. De iene .frl is noch moaier as de oare en by ferskillende domeinnammen krije jo al gau aardige ideeën!” lit De Wilde witte. “Dêr moatte wy wat mei dwaan, tochten wy lêstendeis. Minsken soene gewoan ris tusken al dy nammen strune moatte, krekt sa’t se dat op de rommelmerk dogge. En sa ûntstie it ‘strunen’ nei domeinnammen, want Friezen witte ommers as gjin oar wat ‘strunen’ is.”

De Fryske domeinekstinsje
Trije jier lyn krige Fryslân syn eigen domeinekstinsje, de .frl oan ‘e ein fan in domeinnamme. No binne der sa’n 15.000 Fryske domeinnammen registrearre, mar der binne ek noch in hiel soad moaie domeinnammen frij. Mei in .frl lit men sjen dat men Frysk is en ûnderskiedt men him just fan de rest fan Nederlân en de wrâld. Sykmasines jouwe earder resultaat as minsken immen op lokaasje sykje.

maaie 23, 2018 12:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*