Dieder oanslach Parys wie Tsjetsjeen

maaie 13, 2018 15:28

De man dy’t sneontejûn yn Parys mei in mes op foarbygongers ynstiek, wie in Tsjetsjeen mei de namme Khamzat Azimov. Hy is as bern mei syn âlden meikommen, dy’t as flechtling yn Straatsburch bedarre binne. Yn 2016 hat er de Frânske nasjonaliteit krige. Dat melde Frânske media. Azimov is berne yn 1997 en hy waard yn ‘e gaten hâlden troch de Frânske geheime tsjinst, om’t bekend wie dat er in moslim mei radikale ideeën wie.

Sneontejûn efkes foar njoggenen begûn Azimov yn ‘e omkriten fan ‘e Opéra Garnier om him hinne te stekken. Foarbygongers warskôgen de plysje. Dy wie fluch teplak, mar wilens hie A. al fiif minsken delstutsen. In man fan 29 jier hat de stekkerij net oerlibbe. In oare man, 34 jier âld, is der noch tige slim oan ta. De oare slachtoffers binne in frou fan 54, in frou fan 26 en in man fan 31 jier âld.

Ien plysje besocht oan twa kear ta om Azimov mei in taser yn ‘e macht te krijen, mar dat mislearre. In oare plysje jage Azimov doe trije kûgels troch it boarst. Hy ferstoar op it plak fan ‘e misdie.

De terreurbeweging IS (earder: ISIS) hat de oanslach opeaske. It soe gean om wraak foar de oanfallen fan westerske lannen op de gebieten yn Syrië en Irak dêr’t IS tahâldt.

Sûnt 2015 binne der by islamityske oanslaggen yn Frankryk 246 minsken deade.

maaie 13, 2018 15:28
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.