Deenske minderheid yn Dútslân krijt Deenske nasjonaliteit

maaie 24, 2018 22:59

Nêst Friezen wenje der yn it uterste noarden fan Dútslân ek Denen. Dat binne minsken dy’t kultureel Deensk binne: hja prate de Deenske taal of it pleatslike Deenske dialekt en fiele harsels Deen. Hja hawwe lykwols it Dútske steatsboargerskip. Dy situaasje bestiet al sûnt de hjoeddeiske grins tusken Dútslân en Denemarken yn 1920 op ‘e nij lutsen waard nei in referindum ûnder de befolking fan it grinsgebiet.

No kinne de minsken dy’t har Deen fiele ek in Deensk paspoart krije. De oerheid fan Denemarken hat dat mooglik makke. Belangegroepen fan ‘e Deenske minderheid stribje dêr al jierren nei. Wurdfierder Jens Christiansen fan de organisaasje SSF seit: “Foar ús is in dûbeld paspoart in utering fan in moderne ynterpretaasje fan steatsboargerskip, dat berêst op in kultureel en nasjonaal mienskipsgefoel en net op berteplak.” Christiansen wiist derop dat Hongarije al langer in steatsboargerskip jout oan etnyske Hongaren yn oare lannen.

Wa’t de Deenske nasjonaliteit oanfreget, is noch net dúdlik. In ferplichting is it net. De Dútske wet bepaalt fierders dat elk sels útmakket oft er diel útmakket fan de Fryske of Deenske minderheid, sadat alle ynwenners fan de noardlike dielsteat Sleeswyk-Holstein yn teory Deen wurde kinne, as hja dat wolle.

maaie 24, 2018 22:59
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Eric juny 1, 15:19

    No de Friezen de Fryske nasjonaliteit noch.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.