De Lawei hâldt audysjes foar Skrûtsj

maaie 31, 2018 13:42

Op 17, 20 en 21 july 2018 kinne amateurspilers mei in goeie sjongstim, dy’t net benaud binne om te bewegen, audysje dwaan foar de famyljefoarstelling Skrûtsj yn De Lawei. Elkenien fan 8 oant 80 jier is wolkom!

Skrûtsj is in spesjale bewurking fan Charles Dickens’ boek A Christmas Carol (1843). Makke troch itselde team dat yn 2016 (Annie) en 2017 (Oliver met een twist) fiif-stjerreresinsjes behelle mei syn krystmusicals foar De Lawei. Dit jier dus A Christmas Carol, mar dan oerset nei Smellingerlân. It ferhaal is linich basearre op de skiednis fan twa wichtige skûtsjebouwers yn Drachten: de famylje Roorda en de famylje Van der Werff. It haadfiguur Bauke Roorda (mei yn it stik oanpaste efternamme) kriget yn de krystnacht besite fan trije geasten dy’t him konfrontearje mei syn ferline, hjoed en takomst…

Oanmelde foar de audysjes kin oant uterlik freed 6 july 2018. Mear ynformaasje oer de foarstelling en it oanmelden is te finen op www.lawei.nl.

De famyljefoarstelling Skrûtsj is te sjen op 21, 22, 23, 26, 27, 28, 29 en 30 desimber 2018 yn De Lawei. De kaartferkeap fan seizoen 2018/2019 is al úteinset. Kaarten binne oant en mei 22 juny mei 10% betiid-boekkoarting te keap.

maaie 31, 2018 13:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.