Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 13

maaie 2, 2018 09:03

Fryslân sûnder ierdgas… wat betsjut dat foar my?

Kollum

Alle nijsrubriken iepenen dermei: de gaskraan yn Grinslân giet ticht! Minister Wiebes fan Ekonomyske Saken en Klimaat naam koartlyn in drastyske beslissing, mei grutte konsekwinsjes foar de enerzjyfoarsjenning de kommende tsien jier. It gas út Grinslân ferwaarmet oant distiid ta frijwol alle huzen en bedriuwen yn Nederlân. Dat giet dus oer gas foar sintraleferwaarmingstsjettels. Alle jierren wurde der yn Fryslân sa’n 13.000 ferfongen troch in nije en der binne sa’n 200.000 yn Fryslân.

Wat de ryksoerheid noch net docht, is bewenners ynljochtsje oer wat dat betsjut foar in hier- of keapwenning. Ik wurd der geregeld op oansprutsen; sa giet dat as it jins wurk is. Oer trije jier gjin CV-tsjettel mear? Dat wol de merk, mar ik haw krekt in nije. Wat sil dat allegear kostje, moat ik dat sels betelje? Kin ik mei in waarmtepomp myn hûs ferwaarmje? Komt der in subsydzjeregeling foar al dy ynvestearringen? Wêrom moatte wy yn Nederlân wer it bêste jonkje fan de klasse wêze? Yn Amearika en Sina is it dochs noch tûzen kear slimmer?

Belangrike fragen. Dêr is samar net in antwurd op te dichtsjen. Alderearst betsjut Grinslân-ticht net dat der gjin ierdgas mear is. Wy keapje gewoan mear út it bûtenlân en helje wat mear út de lytse gasfjilden, ek yn Fryslân. De werklike needsaak om gastsjettels en oare gastastellen op te romjen is dus op koarte termyn net grut. Gas bliuwt der wol, noch in hiele tiid.

Alle gemeenten meitsje de kommende jierren plannen. Hoe’t der doarp foar doarp, en yn de stêden wyk foar wyk, keazen wurde kin foar in nij enerzjysysteem. Dat is in wetlike plicht. Wykferwaarming, biogas, elektrysk of in biomassa-oplossing? De tiid sil it leare.

Wenningbouferieningen kieze op dit stuit al. By grutte renovaasjes wurdt it gas al massaal ôfsletten. Dat kin ek, omdat it om grutte oantallen tagelyk giet, mei allegear deselde oanpak. Dat redusearret de kosten en foar in hiel lange tiid. Foar in eigen wenning jildt dat meastal net. Mar geane jo dit jier oer op in nije tsjettel? Freegje dan oan in spesjalist wat it bêste is om te dwaan. De mooglikheden binne der, net foar alle huzen, mar dóchs.

De Freonen fan FossylFrij Fryslân helpe jo dêrby. Gjin panyk dus? Perfoarst net. Gas is der en bliuwt der. Jo krije de kommende fiif jier grif in protte oanbiedingen yn ’e bus fan de merk. Dy riedt him der fluch op ta. Dat komt del op legere prizen en nije subsydzjes. Wachtsje it noch rêstich efkes ôf. Se sykje jo op sa gau as de jild te fertsjinjen is, foar jo en it bedriuw!

Bouwe de Boer is enerzjykoördinator by de gemeente Ljouwert.

 

 

maaie 2, 2018 09:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.