Boekpresintaasje Regaad

maaie 8, 2018 12:51

Boekoankundiging

Op tongersdeitejûn 24 maaie presintearret Utjouwerij Regaad syn nijste boek: Patrick Süskind syn wrâldferneamde misdiedroman It Parfum, oerset troch de frisist en neerlandikus Jan Popkema. Süskinds roman is al yn 55 talen oerset, mear as tweintich miljoen kear ferkocht en yn 2006 ferfilme.

De presintaasje sil midden op de Smelle Ie wêze, op rûnfeartboat ‘Harmonie’ (lisplak Drachten). Dêr sille Hein Jaap Hilarides en Elmar Kuiper muzyk meitsje en poëzij foardrage. Boppedat sil Parfum-kenner dr. Henk Harbers (RuG) de oanwêzigen fertelle hoe knap oft Süskinds boek eins yninoar stekt.

De ‘Harmonie’, dy’t om 19.30 oere begjint te farren (ynrin: 19:00 oere), leit foar Loswâl 24 yn Drachten oer. Om 22.30 oere leit er dêr wer oan. De tagong is fergees, mar fanwegen it beheinde tal plakken op de boat moatte de gadinmakkers har foar 22 maaie oanmelde fia ynfo@regaad.nl û.f.f “oanmelding Parfum”.

Sjoch foar útjouwerij Regaad http://www.regaad.nl/wp/boekpresintaasje-it-parfum, telefoan 06-25 42 75 48.

maaie 8, 2018 12:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*