Berneboargemaster yn Waadhoeke

maaie 18, 2018 07:20

It earste inisjatyfútstel yn gemeente Waadhoeke komt fan de FNP-riedslid Gea Iedema, dy’t de jongerein yn ’e portefúlje hat. De FNP-fraksje hat de oare politike partijen frege wa’t op de riedsgearkomste fan op 31 maaie 2018 it útstel mei yntsjinje wol om in berneboargemaster oan te stellen.

Iedema: “Om’t we op 31 oktober 2018 ús earste boargemaster beneame wolle, is it fansels in prachtich momint om dan ek in earste berneboargemaster oan te stellen.”

De berneboargemaster kin mei de ‘echte’ boargemaster nei bysûndere gearkomsten gean, lykas de nijjiersgearsit, keningsdei, yntocht fan Sinteklaas, deadebetinkingen ensafuorthinne. Dêrneist kin de berneboargemaster ek in eigen bûsboekje hawwe, mei aktiviteiten lykas in wurkbesite oan in skoalle yn Waadhoeke (of de Weekendschool Franeker) en in organisaasje of ynstânsje dy’t him mei jeugdsaken dwaande hâldt.

As de gemeenteried posityf reagearret op it útstel, dan sille de basisskoallen noch foar de simmerfakânsje fan 2018 in skriuwen krije fan de gemeente om bern út groep 7 of 8 (dan noch 6 en 7) op te roppen om te ‘sollisitearjen’ nei it berneboargemasterskip. Mear ynformaasje sil dan ek fia de webside en de sosjale media fan de gemeente Waadhoeke dield wurde.

De komplete tekst fan it inisjatyfútstel is te lêzen op http://waadhoeke.fnp.frl
maaie 18, 2018 07:20
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*