Befrijingsfjoer ûntstutsen yn Wageningen

maaie 5, 2018 08:24

Foto: Wikipedia/Minister President – lisinsje CC BY 2.0

Om midsnacht is yn Wageningen it Befrijingsfjoer ûntstutsen. De Ingelske feteraan en befrijer Ray Lord (92) brocht it fjoer nei it 5 Maaie Plein. Clemens Cornielje, de kommissaris fan de Kening yn de provinsje Gelderlân, stuts it dêrnei oan. Die wiene rinners oan bar. Dy holden de fakkels yn it fjoer en bringe it fjoer nei ferskate gemeenten.

Mei it oanstekken fan it fjoer is de fiering fan Befrijingsdei offisjeel úteinset. Sneon binne der fjirtjin Befrijingsfestivals troch hiel Nederlân, ûnder oare yn Ljouwert. Ambassadeurs fan de frijheid binne dit jier dj Fedde Le Grand, rapper Ronnie Flex en de band My Baby. Hja reizgje mei in helikopter by de festivals del.

maaie 5, 2018 08:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.