Alve Fryske Fonteinen – De botsing

maaie 26, 2018 10:29

In protte Friezen hiene graach sjoen dat keunstners út de eigen provinsje de opdracht krigen hiene. Mar de organisaasje fan Ljouwert-Fryslân 2018, Kulturele Haadstêd fan Europa, besleat oars. De botsing fan kultueren is de kearn fan de trijedielige dokumintêresearje 11 Friese Fonteinen, dy’t op NPO2 útstjoerd wurdt. Yn ôflevering 2 komt dy ta in hichtepunt.

Foto: NTR

Ynspraak en keunst, is dat eins wol in fruchtbere kombinaasje? Yn de twadde ôflevering fan 11 Friese Fonteinen rinne de emoasjes by de Friezen heech op. Want in keunstwurk is aardich, mar net as it yn it paad stiet of it monumintale stedsgesicht fersteurt. En wêrom kinne lokale keunstners de fonteinen net meitsje? Neffens in protte Friezen jout it projekt gjin rekkenskip fan de mienskip.

Yn Warkum wurdt dêrom as ludyk protest de Pauperfontein makke, in grut monumint fan 230 houten pimels, dy’t spuitsje as it iepenbiere húske dat it herberget, brûkt wurdt. Sil it kurator Anna Tilroe slagje de Friezen en de keunstners byinoar te hâlden?

Utstjoering: Snein 27 maaie om 20.15 oere by de NTR op NPO2
Rezjy: Roel van Dalen
Produsint: Pieter van Huystee Film & TV

maaie 26, 2018 10:29
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.