Aant Mulder: Mearkes yn it Súdwesthoeksk

maaie 28, 2018 20:00

Kollum

Mearkes, dat binne ‘sprookjes’ fansels, en dy hearre by in beskate tiid. Hokker tiid dat is, dêr binne we gau út. Wy hoege allinne mar oan in pear wrâldferneamde skriuwers fan mearkes te tinken en dan witte we it. Ik begjin mei de bruorren Grimm. Dat binne Jacob en Wilhelm Grimm dy’t beide ein achttjinde, begjin njoggentjinde iuw yn Dútslân wennen en wurken. It wiene beide taalkundigen, dy’t namme makken mei it sammeljen en skriuwen fan mearkes. Tink oan: Sniewytsje, Readkapke of Toarnroaske. Krekt wat letter wenne en wurke Hans Christiaan Andersen yn Odense yn Denemarken. Mearkes fan him binne: It ûnsjogge Pykje, De Lytse Wetterfaam en It Lytse Famke mei de Swevelstokken. Yn eigen lân, yn eigen provinsje moatte we fansels de bruorren Halbertsma neame dy’t harren benammen dwaande holden mei guon mearkes út Skandinavië wei. De belangstelling foar mearkes en folksferhalen leit hiel ticht byinoar. Fryslân hat yn Dam Jaarsma en Ype Poortinga sokke samlers fan folksferhalen. Dy belangstelling foar mearkes en folksferhalen heart by de belangstelling foar it eigen ferline en de belangstelling foar de eigen taal. As we it oer datsoarte fan dingen ha, dan ha we it oer de romantyk, dy’t yn Fryslân ein achttjinde, begjin njoggentjinde iuw fan ynfloed wie.

De belangstelling foar de eigen skiednis mei mearkes en folksferhalen en de belangstelling foar de eigen taal hearre byinoar. Dat betocht ik wer doe ’t ik dat moaie artikel mei de titel ‘Assepoester en su op syn Liwwarders’ yn ’e Ljouwerter Krante fan sneon 18 maaie lies. Sûnder dat ik it ferhaal lêzen hie, tocht ik daliks: Fansels, dat is sa logysk as it mar kin. Mearkes en folksferhalen moatte ommers sa werkenber mooglik ferteld wurde. Ferhalen wurde ferteld as wiene se yn de eigen omkriten bard. De ferhalen wurde fansels ek yn de eigen taal ferteld. Hoe soe ’t ek oars! Dat sil gauris betsjutte dat it eigen dialekten binne. De mearkes fan Hans Christiaan Andersen en de mearkes fan de bruorren Grimm wurde noch altyd oerset yn oare talen en streektalen. Dat waard my opnij dúdlik doe’t ik yn de krante it hiele ferhaal lies.

Ik wist dat Anne Popkema wat jierren ferlyn ûnder de namme ‘Mearkes fan Grimm’ in tal fan dy mearkes yn it Frysk oerset hat en dat Peter Boersma en Hilda Groenesteyn dy mearkes treflik yllustrearre ha. In moai boek! Ik wist net dat dat boek it begjin wie fan in rige fan oersettingen fan mearkes. As ik it goed begryp, binne dy mearkes no yn it Biltsk, it Grinslânsk, it Stellingwerfsk en yn it Noard-Frysk oerset en wurdt wurke oan in Stedfryske oersetting. Dêr komt noch by dat oersettingen yn de dialekten fan de Fryske Waadeilannen (it Westersk, it Aastersk, it Meslânzers) kommendeweis binne. Dêr hâldt it net mei op as ik de krante leauwe moat. It Hylpersk, it Twintsk, it Limboarchsk wurde ommers ek al neamd. Sûnder dat ik it eins wol, komt my in eigen kollum fan in pear jier ferlyn wer yn ’t sin. Dy kollum, doe allinne noch mar op Omrop Spannenburch te hearren, gie oer it Súdwesthoeksk en ik die in oprop:

Wa wol meidwaan troch streekeigen wurdsjes (mei útspraak) op te skriuwen, troch wurdlisten op te stellen of troch te fertellen oer ús eigen streektaal. Wat soe it moai wêze as guon fan jimme harren oppenearje en as der sa wurdlisten of sels in wurdboekje foar it Súdwesthoeksk komme kin. Ik bin ôfgryslik benijd nei jimme reaksjes!

Ik ha it doe ek oer de ferskillen tusken it Frysk en it Súdwesthoeksk hân. Dat wit ik noch. It raast oan ’e protters dat it Súdwesthoeksk net yn dat artikel fan Asing Walthaus, want dat is de skriuwer fan dat artikel, neamd wurdt. Dat moat oars. Mar ja, as we sels neat dogge, kin men slim in oar wat ferwite. Dêrom doch ik opnij in oprop om te dwaan wat Walthaus yn de Ljouwerter Krante oan ús as lêzers freget. Hy freget om it mearke fan ‘De Bremer stedsmuzikanten’ oer te setten. Jimme kenne dat ferhaal wol fan de ezel, de hûn, de kat en de hoanne, dy’t ûnderweis nei Bremen ta troch harren gearwurking de rôvers de baas binne. Walthaus freget om dat yn it Stedfrysk te dwaan. Wy soene dat net yn it Stedfrysk, mar yn it Súdwesthoeksk dwaan moatte.

Sa’n oersetting moatte we wol mei rêde kinne en dêr ha we grif ek wol aardichheid oan. As we no neat mei mearkes hiene, mar dat is net sa. Tink mar oan It wyfke fan Starum, Sliepend Hylpen en It heksershol fan Molkwar. Dat lêste mearke hat sels in sprekwurd fan gefolgen hân. Jimme witte wol: ‘Flokken en swarren, Is ’t wapen fan Molkwarren. En dat ha we dan allegearre wer te tankjen oan Joast Halbertsma, dy’t ek in skoftke as menist dominy yn Boalsert wenne hat. Wy ha net allinne ús mearkes en folksferhalen, wy ha ek in ferhaleferteller dy’t dêr prachtich oer fertelle kin. Ik bedoel Mindert Wijnstra fansels. Dat wy ha yn ’e Súdwesthoeke dus wol wat mei mearkes en folksferhalen en fansels mei ús eigen Súdwesthoeksk dialekt.

It soe moai wêze as har in pear Súdwesthoeksters oppenearje. Ik doch mei! Wa dogge mear mei? Pratendewei komme we der wol út. En wa wit, smakket dat nei mear. Alles byinoar giet it leau ’k om sa fyftich mearkes. Ik soe wol graach reaksjes ha wolle. Of moat ik jimme gewoan op de man of frou ôf freegje?

foto’s © Aant Mulder
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 26 maaie yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

maaie 28, 2018 20:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. H. maaie 28, 21:53

    Miskien wat foar Eric Hoekstra? Dat is ek Súdwesthoekster.

  2. Sil maaie 29, 21:56

    De wite wiven fan iT Heidenskip

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.