Aant Mulder: Frysk prate, fatsoenlik of net

maaie 13, 2018 19:42

Kollum

Is it jin ferbrekken no al of net fatsoenlik. Ik lês wol gauris de artikels dy’t op It Nijs ferskine. Ien sa’n artikel hâldt my yn ’e besnijing, langer as ik wol. Dat ferhaal giet oer minsken dy’t Frysk leare, net gau as nije praters akseptearre wurde. Fiif studinten fan de Kampus Fryslân fan de Ryksuniversiteit Grins ha dêr ûndersyk nei dien. Dat ûndersyk ha se presintearre op in troch de Universiteit fan Amsterdam organisearre kongres op 3 en 4 maaie yn Amsterdam. Dat kongres ‘Contested Languages in the Old World’, CLOW3, waard foar de tredde kear holden.

De studinten fan Kampus Fryslân kamen de twadde deis oan it wurd. Harren bydrage: The paradoxes of being a new speaker of Frisian: understanding motivation, authority and legitimacy in Frisia. Dy titel begryp ik net daliks. Ik sneup dêrom in skoftke op de webside fan CLOW3 om, lês wat, besjoch wat. It is in folslein Ingelsktalich ferhaal. Ik freegje my yn ’t foarste plak ôf wat ‘contested languages’ binne. Definysjes op ynternet en yn wurdboeken ha it oer: fertocht, omstriden, twivelich. Dêr kin ik net folle mei. Fierder sneupend kom ik ta de konklúzje dat it giet om talen dy’t dúdlik ferskille fan de haadtaal yn it lân dêr’t it om giet. It binne talen dy’t gjin offisjele status ha en ornaris dialekten neamd wurde. It Frysk wurdt dus wer ris in dialekt en in net-offisjele taal neamd. Dat wurdt allegearre yn it Ingelsk beskreaun, om’t dat hiele kongres yn it Ingelsk holden wurdt. Dat ferhaal is sadwaande dúdlik net foar gewoane Friezen ornearre. It giet likegoed wol oer ús. It hie aardich west as dy studinten der in Frysk artikel fan makke hiene en dat op It Nijs set hiene. Wy wolle ommers wol witte wat oer ús sein wurdt. Dat hie ’k wol fatsoenlik fûn. Ik sis mei opsetsin ‘fatsoenlik’. Dat dêr moat ik it mar efkes oer ha.

De studinten ha ûndersyk dien nei minsken dy’t it Frysk oanleare en dan ek wol graach Frysk hearre wolle of besykje wolle om sels in pear wurden Frysk te praten. Talen binne ommers bedoeld om te brûken. Dat falt lykwols net ta en dat leit net oan de Frysklearders. Neffens de studinten leit dat oan ús. It is ús skuld! Sy ha gelyk. Wy prate daliks Hollânsk as we hearre dat immen net Frysktalich is. In Frysklearder dy’t derby hearre wol, kriget allinne mar Frysk te hearren as er sels neat seit. Sadree’t Fryskpraters hearre dat de oare Hollânsktalich is, wurdt daliks oerskeakele. In foarbyld. Ik hearde okkerdeis op Omrop Fryslân dat de ferslachjouwer immen wat frege en doe in Hollânsktalich antwurd krige. De ferslachjouwer frege daliks oft de man wol Frysk ferstie. Dy sei dat er it ferstie. En wat die de ferslachjouwer? Hy gie fierder yn it Hollânsk.

Sjoch, sa binne echte Friezen. Dy ha leard om fatsoenlik te wêzen. It wie ommers net fatsoenlik om Frysk te praten as de oare Hollânsk prate. It wie al hielendal net fatsoenlik as dy oare de boargemaster, de dominy, de dokter of de master wie. Dat is ús yndruid. It sit ús suver yn de genen. Doch dêr mar ris wat oan. Hollânsktaligen ferwachten doe en ferwachtsje no ornaris ek neat oars. De Hollanner dy’t Frysk prate wol, hat dêrmei te krijen. Om’t wy eins allinne mar Frysk yn eigen rûnten brûke en tagelyk hearre litte wolle dat we dat goed dogge, ferbetterje we oaren graach. Dat is in ferfelende gewoante. It is hielendal in ferfelende gewoante as it om net-Fryktaligen giet dy’t graach Frysk prate wolle. Dy minsken meitsje benammen yn it begjin in protte flaters. Hoe soe ’t ek oars? Dy flaters ferbetterje, dêr is gjin begjinnensein oan. En wat dogge we dan? Krekt, wy laitsje. De nije prater kriget it gefoel dat er útlake wurdt en dat motivearret net.

As lesjouwer besykje ik sokke kursisten dêrfoar te hoedzjen. Ik bepraat altyd dat it goed is om yn ’t Hollânsk it petear oan te gean mei in pear Fryskpraters yn de eigen omkriten, út te lizzen wat de bedoeling is en om harren dan te freegjen om Frysk te praten. Dat slagget as de kursist sels konsekwint is. Sa binne we dan ek wol wer. Ik fertel dit om’t ik de studinten fan Kampus Fryslân gelyk jou as se sizze dat minsken, dy’t it Frysk leare om derby te hearren, te krijen ha mei memmetaalpraters dy’t gau en maklik oerskeakelje wylst dat eins net moatte soe. Dat nije praters in oanwinst binne en fûlere foarfjochters fan de taal as de memmetaalpraters sels, dat stim ik harren ek mei. Ik bin it net mei harren iens as se sizze dat nije praters net daliks as folweardige leden fan de Fryske taalmienskip sjoen wurde. Us Fryske taalmienskip is ommers gewoan in twatalige mienskip en wy wolle fatsoenlik wêze.

Salang’t wy as Friezen yn Fryslân net gewoan Frysk prate en skriuwe kinne, salang bliuwt dit probleem bestean. Dat men jin hieltyd wer ferbrekke moat op mominten dat men der net op betocht is, witte we it wer: it kin net, it heart net, it is net fatsoenlik. It is sadwaande ek in wat nuvere tsjinstelling. Hollânsktaligen ha makke dat we hieltyd mar wer Hollânsk prate. Wy witte net better as it jin ferbrekken heart derby. En no, as wy dwaan soene wat dit ûndersyk útwiist, moatte we ta de konklúzje komme dat we ús net mear ferbrekke moatte. Hoe dogge we dat? Ik soe om te begjinnen de studinten freegje wolle om harren ferhaal yn it Frysk yn Fryslân buorkundich te meitsjen. Dat soe ik no wol fatsoenlik fine. Hawar, dat hie ’k al sein.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 12 maaie yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

 

maaie 13, 2018 19:42
Skriuw in reaksje

6 opmerkingen

  1. mbc84 maaie 14, 13:22

    Ferjit ek net dat der ornaris mei ús de gek oan stutsen wurdt at wy Hollânsk prate, mei dúdlik Fryske tongslach. Sadwaande heart it ek apart en lollich at in Hollanner besiket Frysk te praten. Boppedat, sa faak hawwe wy der net mei te krijen. It is krekt wat Aant skriuwt, salang’t de Friezen harren taal net serieus nimme en dy brûke, hâldt dit probleem oan.

  2. Ferdinand maaie 15, 12:53

    As Frysklearder wol ik fansels net allinnich Frysk ferstean en skriuwe, mar ek prate kinne. No is myn ûnderfining yndied dat guon Friezen harsels daliks ferbrekke as hja sels mar tinke dat hja te krijen hawwe mei immen dy’t it Frysk net bedimmet. Ik sis dan altiten: Net ferbrekke asjebleaft, ik wol graach Frysk prate. As ik sels begjin mei it Frysk en men fernimt dat dat noch net sa geef is, ferbrekt men ek. Laitsjen haw ik noch nea meimakke: Friezen binne fatsoenlike minsken. Mar it liket wol of it Hollansk der as “default” yndruid is. Net dwaan! Bliuw Frysk prate en ferbetterje my, want fan flaters moat men leare.

  3. Lútsen maaie 16, 19:45

    @Ferdinand, mei jo útnûging ‘ferbetterje my as myn Frysk noch net sa geef is’ reitsje jo no krekt in tear punt. It is yn Fryslân taboe om flaters dy’t yn it Frysk sein wurde, te ferbetterjen. Dat dogge Friezen ûnderinoar net iens, lit stean by net-Friezen. It is sels sa slim, dat hja harren eigen bern net ferbetterje. Resultaat: om it oare wurd in Hollânsk wurd, ferkearde útspraak en Hollânske grammatika (ferkearde wurdfolchoarder). De oarsaak is bekend: suterich ûnderwiis, sawol thús as op skoalle.

    Mar no’t jo derom freegje, hjir folgje in pear ferbetteringen:
    1. …dy’t it Frysk net bedimmet, moat wêze: net behearsket
    2. …men fernimt dat dat noch net sa geef is, ferbrekt men ek, moat wêze: se fernimme dat dat noch net sa geef is, ferbrekke se ek. (‘Men’ is yn it Frysk ‘ik’-en-de-oaren)
    3. …Mar it liket wol of, moat wêze: Mar it liket wol oft (útspraak ‘ot’)
    4. …Bliuw Frysk prate, moat wêze: gean troch mei Frysk (te) praten.
    It lêste ‘men’ is goed!

    Dit is gâns Friezen al te mâl, wat ik hjir doch. Haha. Mar yndied, sa’t jo sizze, wy moatte it taboe ôfleare.

  4. Ferdinand maaie 18, 11:58

    Tige tank Lútsen en Nanne foar jimme reaksje.
    Lútsen tankewol foar dyn oanwizings: wer wat leard!
    Nanne, folslein iens mei dizze útstelde oanpak. Ik gean as in botte Fries-om-utens troch mei it (besykje) Frysk te praten yn Fryslân/mei Friezen. (Juster noch in noflik petear hân mei trije stân-Friezinnen ûnder in pinsjoendemonstraasje yn De Haach!)

  5. L maaie 18, 12:26

    Kinne wy wiis mei wêze, mei sokke ‘nije Friezen’ as jo.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*