Aant Mulder: brûk de Fryske websteeën

maaie 21, 2018 12:54

Kollum

Wat wie it noflik om eartiids sûnder help fan it ynternet in briefke of in ferhaal yn it Frysk te skriuwen. Wa’t dat alearen goed dwaan woe folge in kursus by de Afûk. De A-kursus stie doedestiden sintraal. Wa’t fierder woe, folge in B- en in C-kursus. Dy mei-inoar foarmen in moai oersichtlik gehiel. Mei help fan dy kursussen, dy kursusboeken en in goed wurdboek koe it heve. Kom dêr no ris om!

Wat de kursussen oanbelanget is der in protte feroare. Der wurdt no wurke mei modulen. Foar de A-kursus fan doe binne twa modulen yn it plak kommen (SkriuwmarFrysk 1 en 2). Dy beide duorje ornaris alles byinoar wat koarter en ha krekt wat minder ynhâld as de A-kursus earder. Dat ik tink dat kursisten dy’t beide neamde modulen folge ha, it A-eksamen sa’t dat yn de tiid fan de A-kursussen gearstald waard, aardich dreech en faaks wol te dreech fine soene. Likegoed ha ik bewûndering foar dy hjoeddeistige kursisten. Sy dogge har bêst om it Frysk op in goede wize te brûken. Dat dogge se yn in tiid dat net mear folstien wurde kin mei kursusboeken en wurdboek as helpmiddels.

Dat it mei dy kursusboeken en wurdboek net mear ta kin, hat te krijen mei it feit dat feroaringen no eins allinne noch mar op it ynternet te finen binne. Dat jildt foar stavering, foar taaleigen en foar grammatika. Tink mar oan de lêste oanpassingen fan de stavering dy’t sûnt 30 jannewaris 2015 jilde. Dat is al wer langer as trije jier lyn. It Frysk wurdboek dat ik brûk datearret fan 1984 (F-N) en 1985 (N-F) en is dus ûnderwilens al mear as tritich jier âld. Yn lettere printingen binne wol ferbetteringen opnommen en binne der ek guon staveringsflaters út helle. Dat is it wol sawat. Ik ha fansels ek wol it F-F hânwurdboek fan 2008 yn ’e kast stean, mar dêr kin ik neat mei as ik fan in hollanisme it goede Fryske wurd opsykje wol. Dêrom sil dat wurdboek grif yn minder boekekasten stean as dat fan 1984/’85. Hawar, de feroaringen fan 2015 binne net yn papieren wurdboeken opnommen. It wurdt tiid en doch dat. Yn it Frysk in briefke of in ferhaal skriuwe mei it wurdboek en as it moat mei in kursusboek derby, dat slagget net mear.

Wa’t gjin flaters meitsje wol, kin net om websteeën, en benammen net om Taalweb.frl fan de Fryske Akademy hinne. De side dêr’t de feroaringen op te finen binne, neame se de Paadwizer. Dat ûnderdiel ferget suver stúdzje en yn alle gefallen in protte tiid. Dan is de Foarkarswurdlist op itselde webstee handiger. Dêr stiet yn ien kolom hoe’t de wurden skreaun wurde moatte. Yn guon gefallen giet it om foarkarsfoarmen. Hoe’t it dan mei al dy oare foarmen fan datselde wurd sit, dat wurdt net dúdlik. Dat makket minsken ûnwis. De Staveringshifker dy’t dêr ek op stiet, hat wat dat oanbelanget krekt wat mear kar-út. Dêr wurde ek hollanismen en farianten neamd.

It wie oant no ta sa dat foar de ferskillende programma’s ferskillende staveringshifkers wiene en dat men dus de goede staveringshifker dellade moast. Dat ha ik oant no ta net oprêden. Neffens de Fryske Akademy hiene se net in staveringshifker foar de Wordferzje dy’t ik brûk. Der waard wol oan wurke. Dat wurk is no klear, mar ik wist fan neat. Hie ’k mar op Taalweb.frl sjen moatten. Dêr stiet it hiele ferhaal. Der binne no noch altyd acht mooglikheden. Dat binne der sân te folle! Hawar, de staveringshifker dy’t ik ha moat, stiet der by. Ik ha dêrta in app nedich út de Microsoft Appsource. Net te finen! En by Microsoft witte se fan neat. Ik ha fansels ek kontakt hân mei de Fryske Akademy. It antwurd moat noch komme. Underwilens begryp ik mar net dat it Frysk net op deselde wize kontrolearre wurde kin as oare talen! No’t we hieltyd mear oanwiisd binne op digitale ynformaasje moat dy ynformaasje fansels goed yn ’e oarder, maklik te iepenjen en as it moat del te laden wêze. Dat kin dus better.

Likegoed waard ik suver entûsjast fan in inisjatyf fan de Afûk. Dy kaam okkerdeis mei in nij webstee: Taalhelp.frl. Dêr ha se kreas byinoar set hokker digitale helpmiddels der binne om it Frysk op kompjûter, tablet en smartphone makliker en better te brûken. Dêr wurde yn fjouwer rubriken moai wat dingen beneamd: gjin flaters op de mobyl, wurdboek en taalhelp, spultsjes foar 2-6 jier en spultsjes foar 6-12 jier. Guon fan dy apps brûk ik al. Ik wol sjen wat ik mei de oare apps kin. Ik wiis yn alle gefallen de pakesizzers op in pear fan dy spultsjes om it Frysk te learen.

FA en Afûk ha sa tegearre moai wat Fryske digitale mooglikheden yn byld brocht. No’t ik dochs oer ynternetmooglikheden op ’e tekst bin, wol ik noch twa neame. Ommers wa’t fierder stúdzje meitsje woe fan it Frysk kaam ek yn ’e kunde nei Fryske literatuer en Fryske skiednis. Dat hearde doedestiden by de B- en de C-kursus en dat heart no by de modulen Frysk&Fryslân 1 en 2. Foar de literatuer hat Tresoar in moaienien: Sirkwy.frl. Foar de Fryske skiednis ferwiis ik graach nei: 11en30.nu.

Wat op kursussen oan ’e oarder komt, is ek wol op it ynternet te finen. Dy websteeën moat dêrom dus goed mei wurke wurde kinne. Dat is benammen belangryk foar minsken dy’t inkeldris in Frysk briefke of in Frysk ferhaal skriuwe. Websiden en wat dêrop feroaret, moatte buorkundich makke wurde, net allinne op de eigen, mar ek op oare siden en yn oare media. Oars rinne we it risiko dat dy taalhelpmiddels ornearre bliuwe foar in beheind tal Friezen dy’t aardich oerwei kinne mei it Frysk en mei digitale helpmiddels. Dat kin net de bedoeling wêze!

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 19 maaie yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
maaie 21, 2018 12:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.