Aant Mulder: Afûk, mei 90 koart troch de bocht

maaie 8, 2018 10:07

Kollum

Woansdei 25 april hold de Afûk in sympoasium, yn Ljouwert yn Stedsskouboarch De Harmony. Dat diene se om’t de Afûk dy deis op ’e kop ôf 90 jier bestie en om’t Koen Eekma as direkteur ôfskied naam. Beide ûnderwerpen waarden yn ynfo’s en affysjes neamd. De útnûging wie dúdlik en makke tagelyk nijsgjirrich. It ôfskied fan Koen Eekma woe ’k by wêze en ik wie benijd nei dy njoggentich jier Afûk. Der wiene mear dy’t der sa oer tochten, want der kaam aardich folk op ôfsetten. Likegoed rekke de grutte skouboarchseal net hielendal fol. Of de opkomst wie te lyts, of de seal te grut. Ik hâld it op it lêste. Wat wol men ek op in gewoane woansdeitemiddei! Guon minsken wurkje op sokke dagen. Dat jilde ek foar my. Ik moast earder fuort om’t oars in groep Afûk-kursisten yn Balk op my sitte soe te wachtsjen.

De middei stie yn it teken fan meartaligens. Dêrom wie it wol aardich dat Ingrid Spijker de lieding hie. Sy praat as Brabânse fan komôf kreas Frysk. In moai foarbyld fan dy meartaligens! De nijsgjirrige ferhalen kamen foar in part ek fan sprekkers fan bûten de provinsje of sels fan bûten Nederlân. Sprekkers, dy’t yn oanleard Frysk oer harren projekten fertelden. It wie te hearren. Likegoed siet ik mei wat fan bewûndering nei harren te harkjen. Ik tink dat ik it oarsom nea oprêde soe. It soe my net slagje en hâld in ferhaal oer taal yn harren talen. Ik ha benammen mei niget nei de Portugeeske Joana Duarte sitten te harkjen. Sy fertelde oer nije ûnderwiisynsichten. En no’t ik dochs sprekkers neam, moat ik it fansels ek oer ús kommissaris fan de Kening, Arno Brok, ha, dy’t Koen Eekma yn geef Frysk taspruts. En dat wylst de man fan bûten Fryslân komt, út Súd-Hollân wei om krekt te wêzen. Men soe it hast ferjitte! Wat taal en meartaligens oanbelanget fûn ik it nei foarm en ynhâld in tige slagge middei. It ôfskied fan Koen Eekma waard yn dy talige kontekst treflik yn ’e sykljochten set. Hy waard tasprutsen op in wize dy’t net allinne rjocht die oan de lange rige fan jierren dat er direkteur fan de Afûk west hat, mar ek oan de grutte ynset om de Afûk by de tiid te hâlden. De taspraken wiene foar him en foar ús allegearre nijsgjirrich. Dat jilde benammen ek foar de taspraak fan Bert Looper, de direkteur fan Tresoar, om’t hy tagelyk de man wie dy’t yn syn ferhaal de ferbining lei tusken njoggentich jier Afûk en it ôfskied fan Koen Eekma.

Dy njoggentich jier, dy wiene fansels ek oan ’e oarder. Ik moat sizze, dêr hie ’k wat mear fan ferwachte. As de Afûk, de Algemiene Fryske Underwiis Kommisje, no njoggentich jier bestiet, dan moat dy dus yn 1928 oprjochte wêze. Likegoed hear ik dêr eins neat oer. Datselde jildt foar wat de Afûk troch de jierren hinne dien hat en wa’t de foargongers fan Koen Eekma wiene. Allinne de kommissaris fan de Kening neamt Rindert Straatsma as foargonger. Dat ik tidigje op de spesjale útjefte fan de Moanne, dy’t we allegearre útrikt krije. Dêr stiet grif in moai oersjoch yn. Net dus! Der sit net folle oars op as sels yn tinzen werom yn de tiid te gean en dat wat ik net wit efkes op te sykjen.

De Afûk hat in hiele skiednis, sels in skiednis fan langer as njoggentich jier. Troch de tiden hinne is de Afûk hieltyd wer feroare, gewoan om’t de tiden feroaren. It begûn allegearre yn in foar de selsskippen delgeande tiid. Op pinkstermoandei 1924 waard as nije ynstânsje it ferbûn fan de Upstalbeam oprjochte. De klam lei daliks al op ûnderwiis en dat makke dat de Upstalbeam dêrta de Afûk oprjochte. Dat neame we ek wolris de earste Afûk; yn 1925 naam dy al eksamens foar de Fryske ûnderwiisakte ôf. Dat betsjut dat de Afûk fan 1928 eins de twadde Afûk is. De lieding kaam doe yn hannen fan Douwe Kalma. Mei jild fan de Underwiisried waarden kursussen foar skoalbern en eksamens foar de ûnderwiisakte organisearre. De Afûk hold him yn dy earste perioade dwaande mei kursussen bûten skoaltiid, om’t ûnder skoaltiid neat mooglik wie. Doe’t it yn 1937 (de wet Slotemaker de Bruïne) mooglik waard om ûnder skoaltiid wat oan it Frysk te dwaan, feroare dat. De kursussen foar skoalbern bûten skoaltiid hoegden net mear. Dat makke omtinken foar folk- en gealeargongen foar de âlderen mooglik. Yn de tiid dat Rindert Straatsma direkteur fan de Afûk (1972-1990) wie, stiene de kursussen foar folwoeksenen sintraal. Straatsma sette him as Frisiast fûleindich yn foar in better plak foar it Frysk en foar in better plak fan it Frysk yn it ûnderwiis. Yn in artikel fan him lês ik: Dat it Frysk troch de skoallen noch altyd net as in gewoan fak beskôge wurdt, komt foaral trochdat al dy jierren neat dien is oan it hanthavenjen fan dy ferplichting. In sin dy’t hjoed-de-dei noch like aktueel is as doe. De tiid fan Straatsma wie likegoed net allinne de tiid fan de kursussen, mar it wie ek de tiid fan de boeken, de printeboeken en it tydskrift De Pompeblêden.

It is moai om te sjen dat de Afûk him yn de tiid fan Eekma fierder ûntjûn hat ta in ynstitút foar it Frysk yn basis-, fuortset ûnderwiis en as kursusynstitút foar folwoeksenen. De boekwinkel is likegoed mei de tiid meigien. Foar De Pompeblêden binne De Moanne en heit&mem yn ’t plak kommen. De Afûk is in breed taalbefoarderingsynstitút wurden. By alle feroaringen docht de Afûk noch altyd wat jierren ferlyn al aktueel wie: taalbefoardering en ûnderwiis op in wize dy’t by de tiid past. Ik bin benijd om te sjen hoe’t Alex de Jager, de nije direkteur, de feroaringen fierder opheint en trochjout.

foto’s Aant Mulder
Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 5 maaie yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
maaie 8, 2018 10:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.