Waarpraatsje: ‘simmersk’ waarm

maaie 25, 2018 20:30

DE JOUWER – It is ein maaie, mar it liket wol july. It wurdt dit wykein waarm oant tige waarm waar, foaral foar de tiid fan it jier.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is it frij helder en by in swakke oant matige noardeastewyn wurdt it fjirtjin graden.

Sneon skynt de sinne flink, mar der is sa út en troch ek in bytsje bewolking. By in matige noardeaste- oant eastewyn wurdt it tusken de trijentweintich en sânentweintich graden. Snein sjocht it waar der sawat itselde út.

Nei it wykein bliuwt it foarearst waarm, mar geandewei de wike nimt de kâns op in (tonger)bui wol ta.

Opfallend
Maaie 2018 stiet al yn de top 3 fan waarmste blommemoannen sûnt 1901. De kâns op it earste plak is hiel grut!

Jan Brinksma

maaie 25, 2018 20:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.