Nij boek oer Fryske literatuer

maaie 15, 2018 23:12

Der is in nij boek oer de skiednis fan de Fryske literatuer. It is skreaun troch letterkundige Joke Corporaal en hat de titel Salang’t de beam bloeit. De útjouwer is Bornmeer. Tiisdeitejûn waard it feestlik presintearre yn it nije kultuertimpeltsje Obe yn Ljouwert.

It boek is ferskynd yn fjouwer ferzjes: in Frysktalige, ien yn it Nederlânsk, in ferzje yn it Ingelsk en in ferzje yn it Dútsk. It boek is wat luftiger as Zolang de wind van de wolken waait, dat ek de skiednis fan de Fryske literatuer beskriuwt. It rjochtet him net allinne op Friezen, mar ek op toeristen dy’t wat mear witte wolle fan de Fryske kultuer. Fan hjoed ôf binne se alle fjouwer yn ‘e boekhannel te krijen.

Studinten Frysk fan hegeskoalle NHL en kursusynstitút Afûk hiene foar de gelegenheid in poëtyske flashmob organisearre. Hja deklamearren spontaan in gedicht fan dichteresse Albertina Soepboer yn fiif talen.

Klik hjir om it boek te bestellen.

 

maaie 15, 2018 23:12
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.