Wenten yn Fryslân yn trochsneed € 3.705 boppe de merkpriis fan ‘e hân

april 19, 2018 20:02

Mei biedingen fan yn trochsneed € 6.650 boppe de taksearre priis spant Ljouwert op de huzemerk de kroan. Lanlik waard yn it earste fearnsjier fan 2018 32% fan de huzen boppe de merkpriis ferkocht. In suksesfol bod lei sa’n € 4.750 boppe de taksearre priis. Regionaal binne de ferskillen lykwols tige grut. Yn Fryslân lizze de bedraggen ûnder de lanlike trochsneed, mei Ljouwert as útsûndering.

Ljouwert hellet de trochsneed fan Fryslân omheech
Yn Fryslân waard by 111 ferkochte wenten trochinoar € 3.705 boppe de merkpriis bean. Dat is leger as it lanlik mar troch de hege biedingen yn Ljouwert (€ 6.650 boppe de merkpriis) wurdt de Fryske trochsneed omheech helle..

Noard-Hollân koprinner, Flevolân hikkesluter
Yn Noard-Hollân waard by 237 ferkochte wenten trochinoar € 6.857 boppe de merkpriis bean. Yn dy provinsje wurdt fierwei it meast oerbean, folge troch Gelderlân (€ 5.378) en Limboarch (€ 4.919). Flevolân is hikkesluter mei in trochsnee oerbod fan ‘mar’ € 1.165 de wenning.

Trochstreamers biede folle heger as begjinners
Opfallend is it lanlik ferskil tusken minsken dy’t in earste hûs keapje en minsken dy’t trochstreame. Trochstreamers beaen yn it earste fearnsjier yn 37% fan de gefallen boppe de merkpriis, wylst 28% fan de begjinners dat die. Dat ferskil is nei alle gedachten te ferklearjen trochdat trochstreamers sels ek in wenning ferkeapje boppe de merkpriis.

Pas op foar de tûkelteammen fan oerbieden
Erik Slijkoord, hypoteekriejouwer by Knab, hat noed: ‘’De hypoteekrinte stiet no historysch leech, wêrtroch’t it geunstich is om jild te lienen. Mar dy rinte kin ek samar omheech sjitte. Wa’t dan it hûs fan ’e hân te dwaan moat rint de kâns dat er mei in rêstskuld sitten bliuwt.

Mear oer it ûndersyk fan Knab ûnder goed 1500 hûndert huzekeapers stiet op Huizenmarkt 2018: overbieden eerder regel dan uitzondering

april 19, 2018 20:02
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.