Wenkongres Noard-Fryslân set minsken oan it tinken

april 26, 2018 09:56

Op inisjatyf fan Germeraad Makelaars wurdt op tongersdei 24 maaie it Wenkongres Noard-Fryslân holden yn Stiens. Oanlieding binne de aktuele ûntwikkelingen dy’t fan ynfloed binne op ’e hjoeddeiske wenningmerk yn dy regio.

Foto: pixabay.com

As makelder wit Germeraad goed wat der op ’e wenningmerk spilet. Mei it wenkongres wol it bedriuw syn maatskiplike belutsenheid sjen litte. Oanfoljend kin it Fryske ûndersyks- en advysburo Partoer in protte fertelle oer de ynfloed fan de maatskiplike trends en demografyske ûntwikkelingen op ’e wenningmerk en de leefberens yn ’e regio. Dêrom hawwe de twa partijen besletten de krêften te bondeljen en it kongres mei-inoar te organisearjen.

Ynsjoch yn sifers en trends
It Wenkongres is frij tagonklik en bedoeld foar in breed publyk: amtners, bestjoerders, makelders, projektûntwikkelders, meiwurkers fan wenningkorporaasjes en alle oare belangstellenden. By it kongres wurdt sawol oandacht bestege oan feiten en sifers oer de wenningmerk as oan maatskiplike trends en ûntwikkelingen yn belied. De ûnderwerpen sille foar de oanwêzigen genôch stof ta neitinken opleverje.

Fjouwer sprekkers
Yn totaal komme fjouwer sprekkers oan it wurd. Frits Markus (fakgroepfoarsitter NVM Wenjen) fertelt mear oer de hjoeddeiske wenningmerk, Jelmer Hitzert fan it Frysk Sosjaal Planburo jout in ynteraktive presintaasje oer de demografyske ûntwikkelingen yn ’e regio en George de Kam (honorêr heechlearaar folkshúsfêsting en grûnmerk) besteget omtinken oan it langer selsstannich thús wenjen fan âlderen. Bestjoerder Rein Hagenaars fan Wenjen Noardwest-Fryslân jout ta beslút syn fyzje op de middei.

Oanmelde
It Wenkongres Noard-Fryslân is fan 13.00 oant 17.00 oere yn Kultureel Sintrum De Skalm (Pyter Jurjensstrjitte 17, Stiens). Oanmelde foar it Wenkongres Noard-Fryslân kin fia de webside fan Partoer.

april 26, 2018 09:56
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.