Waarpraatsje: yn it wykein noch maitiid

april 20, 2018 22:41

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in pear tige waarme en prachtige maitiidsdagen, sil it dit wykein ek noch kreas waar wêze. Takomme wike giet de temperatuer fiks nei ûnderen.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is it frij helder en is der kâns op wat damp. By een swakke noarde- oant noardeastewyn wurdt it seis graden.

Sneon skynt de sinne, mar de loft rekket sa út en troch ek berûn. De easte- oant noardeastewyn is swak oant matich. De temperatuer leit, nei alle gedachten, tusken de fyftjin en tweintich graden.

Snein is der neist sinne ek bewolking. Boppedat is der in tanimmende kâns op in bui, miskien wol mei tonger. It wurdt mei in graad as tweintich noch wol waarm.

Nei it wykein wurdt it ritich en in stik kâlder. De jas kin wer oan.

Jan Brinksma

april 20, 2018 22:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.