Waarpraatsje: maitiidswaar, mar wol wat ritich

april 8, 2018 19:41

DE JOUWER – Nei in prachtich wykein, mei yn it suden fan Nederlân hege temperatueren, bliuwt it kreas maitiidswaar. It wurdt wol in bytsje ritich.

Foto © Jan Brinksma

Yn ’e nacht fan snein op moandei kin it op guon plakken dampich wurde. By in swakke oant matige noardewyn wurdt it seis graden.

Moandei is de loft berûn en kin it op ferskate plakken noch dampich wêze. Letter op ’e dei is der sa út en toch ek wat sinne. De temperatuer leit tusken de tsien en fyftjin graden. De noardeastewyn is meast matich, letter miskien frij krêftich.

Tiisdei is de loft meastentiids berûn. In bui of wat rein is net hielendal útsletten. By in matige sudewyn wurdt it op ’e nij tusken de tsien en fyftjin graden.

Nei tiisdei bliuwt rêstich maitiidswaar mei sa út en troch wat sinne. Der is boppedat hast eltse dei wol kâns op wat delslach. It bliuwt wol myld.

Jan Brinksma

april 8, 2018 19:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.