Waarpraatsje: fan tiisdei ôf folslein maitiid!

april 15, 2018 19:16

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in griis wykein mei sels noch wat rein, mar sneintemiddei ek noch wat sinne, wurdt it fan ’e wike echt maitiid.

Yn ’e nacht fan snein op moandei kin der wat reinwetter falle. Op guon plakken is wat damp ek net hielendal útsletten. De súdeastewyn is swak oant matich. Letter giet de wyn nei it súdwesten.

Moandei is de loft berûn en soe der noch in buike falle kinne. Letter op ’e dei is der grif ek sinne. By in swakke oant matige westewyn wurdt it om de fyftjin graden hinne.

Fan tiisdei ôf wurdt it folslein maitiid mei in protte sinne en hiele hege temperatueren foar de tiid fan it jier.

Jan Brinksma

april 15, 2018 19:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*