Waarpraatsje: de sinne hat it frij dreech

april 13, 2018 19:07

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – De sinne hat it dizze dagen frij dreech. Dat sil yn it wykein sa ek wêze.

Yn  ‘e nacht fan freed op sneon is de loft berûn. Yn bytsje rein is net hielendal útsletten. By in swakke súdwestewyn wurdt it sân graden.

Sneon is de loft earst berûn, mar geandewei de dei sil de sinne ek te sjen wêze. Hoefolle is lestich yn te skatten. It bliuwt, sa goed as, drûch. De wyn komt út ferskate rjochtingen en is swak oant matich. De temperatuer leit om de fyftjin graden hinne.

Snein feroaret der net folle oan it waar. It liket in protte op dat fan sneon.

Yn  ‘e rin fan takomme wike skeakelet de maitiid oer op in hegere fersnelling. De sinne is in protte te sjen en it wurdt waarm foar de tiid fan it jier.

Jan Brinksma

 

april 13, 2018 19:07
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.