Waarpraatsje: de jas kin wer oan!

april 22, 2018 19:19

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in prachtich wykein, sil it waar fan moandei ôf bot feroarje. It wurdt ritich en in stik kâlder.

Yn ’e nacht fan snein op moandei rekket de loft hieltyd mear berûn en letter kin der wat reinwetter falle. De weste- oant súdwestewyn is meast matich en it wurdt tsien graden.

Moandei is it, nei alle gedachten, drûch en skynt de sinne sa út en troch. De westewyn is matich. Mei fjirtjin graden kin de jas wer oan.

Tiisdei is der neist sinne ek bewolking en kin der op guon plakken in bui falle. De westewyn is matich en it wurdt om de tolve graden hinne.

Nei tiisdei feroaret der net folle. It bliuwt wat ritich en oan de kâlde kant. It moaie maitiidswaar komt foarearst net werom.

Jan Brinksma

 

april 22, 2018 19:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.