Waarpraatsje: berûne loft op freed

april 12, 2018 19:03

Foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in wat tsjinfallende tongersdei wurdt it freed net folle better.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is de loft meastentiids berûn. In opklearring is net hielendal útsletten. In lokale bui is ek mooglik. De wyn komt, nei alle gedachten, út it easten en is matich. It wurdt acht graden.

Op freed is de loft ek berûn en in bui is op ‘e nij net hielendal útsletten. Miskien sjogge we noch in glimp fan de sinne. De wyn komt út ferskaten rjochtingen en is swak oant matich. It wurdt tusken de tolve en fjirtjin graden.

Yn it wykein wurdt kreas en frij myld maitiidswaar ferwachte.

Jan Brinksma

 

april 12, 2018 19:03
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.