Ut it deiboek fan kanarje Lysbet

april 7, 2018 07:58

Ferhaal fan Sjoerd F. Talsma

Tongersdeitemoarn 3 augustus, 7.30 oere begjint de dei.

In nije dei, ris sjen wat dy bringe sil. It sil wol net folle oars wêze as juster en de dei dêrfoar, tink ik, ek wer neat oan fansels. Mar ik sjoch wol, ik wie dochs net fan plan om fuort te gean.

It hinget foar in grut part ôf fan wat myn bazinne, Ytsje hjit se, hjoed docht. Foarearst sit ik my hjir noch wol efkes te ferfelen en jou ik my noch mar wat del. Noch mar ris ferskikke, oars wurde myn skonken ek sa stiif. Net dat dat immen wat útmakket, hear, mar ja, ik haw der sels it measte lêst fan, dus dêrom.

Hee …, dêr leit in nútsje, dat hie ik noch net sjoen leau ik, mar dêr bin ik ek net wis fan. Och ja, dat sil der wol mei te krijen hawwe dat ik wat iensum en allinne bin, tink ik, dan wurde je miskien wol wat nuver yn ’e holle. Hawar, ik moat der better om tinke en skerp bliuwe.

Klik hjir om it hiele ferhaal te lêzen.

april 7, 2018 07:58
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*