Undersyk: hoe goed fersteane jo it East-Fryske Platdútsk?

april 22, 2018 21:23

De Ryksuniversiteit Grins ûndersiket hoe goed oft minsken yn Nederlân it Nedersaksyske dialekt fan East-Fryslân (yn Dútslân) begripe en yn hoefier oft kennis fan it Grinslânsk en it Dútsk dêrby helpt. Wa’t meidwaan wol, kin de ûndersteande link oanklikke. Foar dielname moat men yn fjouwer ferhaaltsjes de ûntbrekkende wurden ynfolje. Dat duorret likernôch in kertier. Dêrnei wurde in pear fragen steld oer jo taalkennis.

Yn it ferline binne ûndersikers fan de universiteit ek neigien hoe’t sprekkers fan oare Germaanske talen inoar fersteane. Sa hawwe hja besjoen hoe’t Fryskpraters yn Nederlân de Fryske dialekten yn Dútslân begripe. Yn East-Fryslân wurdt gjin Frysk mear praat, mar in foarm fan Nedersaksysk dy’t wol wat op it Grinslânsk liket.

Klik hjir om oan it ûndersyk mei te dwaan.

april 22, 2018 21:23
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.