Tûzen euro te winnen mei einskripsje oer Frysk ûnderwerp

april 30, 2018 15:36

De Fryske Akademy hat in twajierlikse priis foar it bêste skripsjeûndersyk op it mêd fan ’e Fryske taal en kultuer. De Skripsjepriis waard ynsteld by it fyftichjierrich bestean fan ’e Fryske Akademy yn 1988, mei as doel om studinten dy’t wittenskiplik ûnderwiis folgje in oantrún te jaan har ûndersyk op Fryske tema’s te rjochtsjen. De priis bestiet út tûzen euro.

Studinten fan ’e universiteit kinne oant 1 juny 2018 harren masterskripsje ynstjoere foar de Skripsjepriis. Der binne in tal betingsten:

  • It ûnderwerp fan ’e skripsje moat lizze op it mêd fan ’e Fryske taal en kultuer, lykas Fryske taal- en letterkunde, skiednis of sosjale wittenskippen.
  • De skripsje moat skreaun wêze (en goedkard troch de oplieding) nei 1 juny 2016 en foar 1 juny 2018.
  • Allinnich universitêre skripsjes kinne yn ’e beneaming komme foar de Skripsjepriis.

Sjoch foar mear ynformaasje by de Fryske Akademy

april 30, 2018 15:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.