Symboalyske earste beam op Merk yn Dokkum

april 12, 2018 07:19

Op woansdei 11 april hawwe leden fan de klankboerdgroep fan de Merk yn Dokkum symboalysk de earste beam op it plein plante. Dat diene se mei wethâlder Pytsje de Graaf. De 25 leden hawwe út de mienskip wei meitocht oer it ynrjochtsjen fan de Merk en holden it ûntwerpteam skerp op winksen út de mienskip.

Der komme mei-inoar santjin beammen op de Merk. Yn trochsneed binne dy sa’n tsien jier âld en seis meter heech. Se sitte yn ’e hjerst moai read yn it blêd en ferwize nei de marteldea fan Bonifasius yn 754.

Spitigernôch wie der fan ’e wike ek minder moai nijs. De tweintich jier âlde plataan foar de Abdij wie siik en waard gefaarlik. Hy is moandei roaid en der komt in ikebeam foar yn it plak.

Beammen en IIsfontein foarmje mei-inoar it keunstwurk fan Birthe Leemeijer yn it ramt fan LF2018. Troch alle swierrichheden dêromhinne sil dat op 18 maaie, as de alve fonteinen offisjeel en feestlik iepene wurde, der noch net wêze. Dat wurdt net earder as fan ’t herst.

 

april 12, 2018 07:19
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.