Súdwest-Fryslân freget ynwenners nei miening oer it Frysk

april 17, 2018 08:00

Súdwest-Fryslân makket dit jier in nij taalbelied Frysk foar de perioade fan 2019 ôf. Ynwenners wurde frege om mei te tinken. Fan ’e wike krije 8900 ynwenners in enkête yn ’e bus, mei fragen oer hoe’t de gemeente omgean moat mei de Fryske taal. Dat is 10% fan it totale oantal ynwenners fan ’e gemeente.

Dêrneist giet de gemeente yn petear mei in oantal riedsleden, Sintrum Frysktalige Berne-opfang, Cedin, de Provinsje, de Afûk en soarchoanbieders. It doel is om dúdlik te krijen wat de mienskip wol oangeande it Frysk.

‘In libbene taal’
Wethâlder Stella van Gent ropt alle ynwenners dy’t in brief krige hawwe op om de enkête yn te foljen. “Ik bin benijd oft ús ynwenners ek fine dat it Frysk oer hûndert jier noch bestean moat en sa ja, hokker rol wy dêr as gemeente yn spylje kinne.”

De wethâlder fynt sels dat it Frysk bliuwe moat. “It Frysk is in libbene taal, in taal dy’t trochjûn wurde moat fan generaasje op generaasje.” Sy wit dat der Frysktaligen binne dy’t harren bern net mei of yn it Frysk grutbringe. “Ik bin tige benijd wêrom. Dat is dan ek ien fan ’e fragen fan ’e enkête. Miskien kinne wy dêr as gemeente wat yn betsjutte.”

Omtinken foar streektalen
Yn ’e enkête steane fragen oer hoe faak en wêr’t de ynwenners it Frysk brûke, mar ek oft de gemeente mear Frysk skriuwe moat yn brieven en advertinsjes, of oft de gemeente skoallen en soarchoanbieders stimulearje moat om mear Frysk te brûken. Yn ’e enkête is ek omtinken foar streektalen lykas it Hylpersk, Snitsers en Boalserters.

Foar en tsjin mei syn miening jaan
Fansels is net elkenien foar it Frysk. Troch de enkête nei willekeurige adressen út ’e stêden en doarpen te stjoeren, besiket de gemeente in represintatyf byld te krijen.

De gemeente ferwurket de reaksjes op ’e enkête by it opstellen fan nij belied Frysk foar de perioade fan 2019 ôf. “Ik fyn it belangryk om by alles wat wy foar it Frysk dogge nei te gean oft dat fan ynfloed is op hoe’t it Frysk in folweardich plak yn ús mienskip hat, njonken it Nederlânsk”, seit wethâlder Van Gent.

april 17, 2018 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.