Streekferfier moandei en tiisdei plat troch staking

april 30, 2018 09:24

Foto: Wesseltje14 at Dutch Wikipedia – lisinsje CC BY-SA 3.0

It streekferfier leit twa dagen sa goed as plat troch in staking. Dat bestjut dat der moandei en tiisdei hast gjin streekbussen ride. De treinen fan regionale ferfierders, wêrûnder Arriva, en stedsbussen yn guon stêden stean ek stil. De iepenbier ferfierstaking is in inisjatyf fan de bûnen. Dy ûnderhannelje sûnt oktober ferline jier mei de wurkjouwers oer ûnderwerpen as de wurkdruk, skoft om te pisjen en leansferheging.

Begjin jannewaris waard der ek in dei staakt. Dêrnei sleaten de ûnderhanneljende partijen in oerienkomst, mar de efterban fan de fakbûnen wiisde dy ferline wike ôf. De bûnen stelden doe in ultimatum en kundigen frijwol fuortdaliks in nije staking oan. De wurkjouwers besochten de staking mei in koart pleit tsjin te hâlden, mar se krigen nul op it rekest fan de rjochter. Dy oardielde dat de wurkûnderbrekking trochgean mei, mei’t it rjocht om te staken swierder waacht as de hinder fan de aksjes.

Neffens de bûnen is in staking op dit stuit krekt goed, om’t fanwege de maaiefakânsje minder minsken oan it wurk binne. Letter stake kin net om’t dan de eksamens begjinne.

april 30, 2018 09:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.