Stipe foar FNP-moasjes bioferskaat en duorsume enerzjy yn EU

april 14, 2018 16:32

Corlienke De Jong (FNP) ljochtet de moasje ta

Landshut (Beieren) – De moasje fan de FNP foar mear bioferskaat en earlik lean foar de boeren yn it nije Europeesk lânboubelied is unanym oannommen. Dat barde op it jierlikse kongres fan de Europarlemintspartij EFA yn Landshut (Beieren). Mei de moasje fan de FNP sille Europarlemintariërs fan de EFA no oan de slach.

Natuerynklusive lânbou
De FNP wol mei de moasje wurk meitsje fan in natuerynklusive lânbou. Dêr is net allinnich de ynset fan Fryslân en de boeren sels foar nedich, mar benammen ek fan ‘Europa’. De ynkommenspolityk foar de boeren rint foar in grut part fia ‘Brussel’. It nije EU-belied (CAP) giet yn 2020 yn. Mei troch de kritearia fan dat nije lânboubelied kin bydroegen wurde oan in goed en earlik ynkommen fan de boeren, agrarysk natuerbehear, omtinken foar bioferskaat en it lânskip. Yn de moasje stie fierder dat der gjin subsydzje komme mei foar genetyske manipulaasje.

Duorsume enerzjy
In oare moasje fan de FNP, om in ynternasjonale wurkgroep op te rjochtsjen foar duorsume enerzjy, hat it ek unanym helle. It giet der dêrby om dat ferskate regio’s net it slachtoffer wurde fan bygelyks ekstreme gas- of brúnkoalwinning, mar dat regio’s op eigen krêft selsfoarsjennend wurde kinne.

Europeesk ferkiezingsprogram
Fierder hat de FNP ynstimd mei it nije Europeeske ferkiezingsprogramma fan de EFA foar 2019-2024. De EFA wol in oar Europa, dat better rekken hâldt mei de ferskate regio’s en de ynwenners dy’t dêr libje. Op de ALG hat de FNP ek in moasje stipe foar mear demokrasy en minskerjochten yn Turkije. Tûzenen rjochters, sjoernalisten en fertsjintwurdigers fan minderheden binne oppakt, dêr moat gau in ein oan komme.

 

april 14, 2018 16:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.