Steven Spielberg earste filmregisseur dy’t tsien miljard dollar omset
Resint ferskynd

Foto: Wikipedia / Like_the_Grand_Canyon/Tabercil – lisinsje CC BY 2.0
Steven Spielberg hat mei syn films yn totaal op syn minst tsien miljard dollar omset. De Amerikaan is de earste regisseur dy’t dy mylpeal berikt hat, berjochtet Box Office Mojo, de organisaasje dy’t de sifers byhâldt. Michael Bay en Peter Jackson besette op ’e ranglist it twadde en tredde plak mei in omset fan likernôch 6,5 miljard dollar.
Spielberg hat in grut en mearsidich oeuvre op syn namme stean. Hy tekene foar wrâldwide kassúksessen as E.T. en Jaws, en regisearre fierder ûnder oare Close Encounters of the Third Kind, Schindler’s List en de Indiana Jones-syklus. Box Office seit dat Spielberg noch folle mear fertsjinne hat as de omset fan films dy’t er produsearre hat ek meiteld wurdt.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje