Sproeiersguod mei bij net langer deadzje

april 27, 2018 16:48

Foto: pixabay.com

Sproeiersguod dat fergiftich is foar bij mei net langer brûkt wurde. Bouboeren meie saneamde neonikotinoïden fan ein fan dit jier ôf net mear oer de ikkers sproeie. It ferbod jildt yn ‘e hiele Europeeske Uny. Yn kassen is it gebrûk noch al tastien.

Bij kin men net bûten, mei’t dy it blommestof yn kleuten oerbringe en sadwaande de fuortplanting fan gâns planten op ‘e noed nimme. Dat sei lânbouministerske Carola Schouten okkerdeis yn ‘e Twadde Keamer.

It ferbod is der mei kommen op oanstean fan natoerwachtersbûn Greenpeace. Dat makke de Europeeske oerheden yndachtich op ‘e nuodlike delgong fan it tal bij. Dat makke dat ferskate lannen al oer in ferbod op bijefergiften teset wiene. Fan ‘e likernôch 350 bijesoarten yn Nederlân is de helte faai.

april 27, 2018 16:48
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.