Sjueryseleksje Liet 2018 bekend
Resint ferskynd
De faksjuery fan Liet, ûnder foarsitterskip fan Jan Tekstra, hat de seleksje fan 15 dielnimmers dy’t trochgean nei de folgjende omloop fan Liet 2018 bekend makke.
Fan moandeitemiddei 16 april ôf kin it publyk fia de webside www.liet.frl syn stim útbringe. Op 30 april wurdt bekend makke hokker 10 finalisten úteinlik op 13 maaie 2018 yn de finale fan Liet 2018 stean.
De 15 nominearren binne:
Albert van der Tuin
Another Time
Astrid en Else
Berend Riemersma
Changed
Days to Imagine
Else
Klaske
Lammert
Lammy Bruyns & Friends
Monique Sings
Sequens
Stonecrobs
Tjonger
Toussaint
Omrop Fryslân sil de kommende twa wiken eltse dei yn syn muzykprogramma’s oandacht besteegje oan de nominearre artysten. De winner fan de finale fan Liet 2018 is wis fan dielname oan Liet International 2018 XXL, dat op 23 maaie wêze sil. Beide finales wurde organisearre yn Neushoorn.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje