Simone Djurrema: Taal

april 14, 2018 20:00

Kollum

De earste kear dat wy yn Sweden wiene, soene we pankoeken bestelle yn in pankoekrestaurant. Der stie fan alles op ’e kaart dêr’t wy net safolle fan snapten, mar doe lies ik ‘skinka’. “Skinka! Skinka! Snapst it?”, rôp ik tsjin Hindrik en de bern. Mar sy begriepen der neat fan. “Nei Dokkum om in skinke! Dat moat ham wêze!” En ja hear, it wie ham. Mar tsiis wie ‘ost’. Dêr koene we wer neat mei fansels. Dat je skinka útsprekke as ‘choeienka’ wisten we doe noch net, soks kaam letter. En doe’t wy earne ‘djur’ liezen, tochten wy dat Hindrik syn foarâlden miskien oait wat mei Sweden te meitsjen hân hiene. Oant we derefter kamen dat it ‘bist’ betsjut. Doe waard it minder nijsgjirrich.

Om Sweeds te learen is soms dreech, soms makliker as men tinkt. Ost (sprek út oest) liket nearne op, dat moat men gewoan út ’e holle leare. Mar it Nederlânske navel is gewoan ‘navel’. It wurdt allinnich útsprutsen as ‘nôvel’. Sa is it no noch wolris, dan meitsje wy it ússels dreech, en blykt it hast itselde te wêzen. Ik ferlykje foar mysels altyd alles wat ik tsjinkom mei wat ik al wit. As ik in nij wurd hear, kin ik it net helpe, ik lis linken, freegje soms hoe’t it stavere wurd (stavering is trouwens ‘stavning’ yn it Sweedsk!) en sa kom ik al in soad te witten. Der sitte bygelyks Fryske, Nederlânske, Dútske en Ingelske wurden yn it Sweedsk. Mar soms hawwe wurden dy’t wy ek kenne in oare betsjutting. Dat is dan lestich

Ik lies in kear Gösta Berlings saga. Dat is skreaun yn Aldsweedsk. Dan kin ik my fernuverje om wurden dy’t nea mear yn it Sweeds brûkt wurde, dy’t de measte Sweden miskien amper begripe. Mar ik begryp se, want se lykje op it Frysk of it Nederlânsk. De talen moatte oait wol tichter byinoar lein hawwe.

Der barre fansels ek aardige dingen as je inoar net hielendal begripe. As ik net goed harkje, kin it samar wêze dat ik hear dat ien seisensechtich kninen hat. Doe’t ik dat miende te ferstean, koe ik wol neigean dat it net doogde.
Doe’t ik begûn te wurkjen soe ik te boadskipjen foar in âld wyfke. Se wie doe hûndert en is no al hûndertentwa. Se is noch aardich fit, al giet it wat stadich allegearre, mar se is by myn witten noch nea ta it finster út klommen. Yn alle gefallen, se hie  ‘svamp’ op har listje stean. No, dat betsjut poddestoel, dat ik frege watfoar soarte se hawwe woe. Dat makke neat út, sei se.

Neffens my makke it wis wol wat út, djoere kantarellen, boskpoddestuollen of sjampinjons, dat moast ik fansels wol eefkes witte! “Mar watfoar kleur wolle jo dan hawwe?”
“Dat makket neat út.”
“Oranje (kantarellen tocht ik) of wite (sjampinjons) dan?”
“Nee sokke svamp bedoel ik net…”

Ik wie der hielendal ôf. Myn harsens wurken op folle toeren, mar ik kaam der net út. Dat seach se wol.
“Ik sil sjen oft ik noch svamp ha, dan witst wat ik bedoel”, sei se, en se skeuvele op it goatstienkastke ôf.
Ik rekke noch mear yn ’e war. Poddestuollen, of skimmels – want ik hie wol leard dat fuotskimmel ek svamp neamd wurdt – wol men net yn in oanrjochtkastke hawwe… It moast wol wat oars wêze, MAR WAT? En nee, se hie net in svamp yn it oanrjochtkastke…
“Misskien haw ik in svamp yn ’e badkeamer”, sei se, en se skeuvele nei de badkeamer ta. Dat gie net sa hurd, dat ik hie in protte tiid om nei te tinken. Ik wie sá frustrearre. Dat ik no net betinke koe wat it wêze koe! En boppedat, wa wol no poddestuollen of skimmels yn ’e badkeamer hawwe! Ik koe wol neigean dat it dát net wêze koe. MAR WAT DAN WOL?
Dêr gie einliks, einliks it kastke iepen en se liet my triomfantlik in… skuorspûnske sjen.

Simone Djurrema-van der Wal út Garyp wennet sûnt 2015 mei har man en bern yn Mellerud yn Sweden.
april 14, 2018 20:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Miriam maaie 9, 17:23

    Prachtich stikje wer Simone!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.