Schreiersbrêge Dokkum tydlik iepen foar fytsers en fuotgongers

april 14, 2018 08:24

Scheiersbrêge (foto © wikimapia)

De Schreiersbrêge yn Dokkum, dêr’t sûnt 2017 allinne auto’s oer meie, sil tydlik foar it stadige ferkear ek iepen. Foar de feilichheid wurdt in 30-km sône ynsteld en komme yn it weidek drompels. De tydlike oanpassing is nedich omdat it oanlizzen fan de fyts- en fuotgongersbrêge oer it Dokkumer Grutdjip, langer duorret as ferwachte waard. Dat komt trochdat nog besjoen wurde sil oft dêr in trochfarhichte fan trije meter mooglik is.

Ut goederbêstens hat it kolleezje fan B&W yn 2017 besletten om de brêge foar stadich ferkear ôf te sluten, mar no’t in protte minsken en it fytsersbûn derop oansteane om dat ûngedien te meitsjen wol it kolleezjen harren te wille wêze oant de fytserbrêge klear is.

 

april 14, 2018 08:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.