Puigdemont as polityk finzene

april 17, 2018 20:09

It finzen setten fan presidint Puigdemont fan Kataloanië is foar it Spaanske regear in wiere obsesje wurden. De Spaanske rjochter wol him feroardielje op basis fan wetten út de tiid fan diktator Franco. De kâns bestiet dat Puigdemont inkelde tsietallen jierren finzenisstraf te wachtsjen stiet. It iennichste wat Puigdemont misdien hat is de organisaasje fan in referindum foar ôfskieding fan Spanje. Yn gjin inkeld beskaafd lân soe sa’n reden ta finzenisstraf laat hawwe. Yn tsjinstelling ta it Spaansk regear hawwe hy en it Katalaanske regear nea geweld brûkt. As sadanich is Puigdemont in polityk finzene, Spanje skeint it funeminteel minskerjocht op eigen mieningsutering. De Katalanen hawwe fergees alle war dien yn kontakt te kommen mei it Spaansk regear oer mear foech. Yn Grut-Brittannië late de winsk foar Skotske ûnôfhinklikens op inisjatyf fan de SNP ta in offisjeel goedkard referindum, mei as útkomst dat de Skotten ynearsten binnen Grut-Brittannië bliuwe. Hjir gjin sprake fan oerheidsgeweld en arrestaasje fan politike lieders lykas yn Kataloanië.

Nei it referindum seach Puigdemont it swurk driuwen en flechte lykas bekend is nei Flaanderen dat sympaty hat foar minderheden. Spanje bliuwt Puigdemont lykwols as in terriër efterfolgjen en doe’t er dan ek foar in sprekbeurt yn Finlân wie, waard yllegaal apparatuer yn syn auto oanbrocht, sadat Spanje presys syn gongen neigean koe. In sleepwet wie dêr sa’t synt net foar nedich. Spanje tipte de Dútske oerheid en doe’t Puigdemont de Dútske grins oerstuts waard er finzen nommen. Spanje doarde it net oan om Finlân, Sweden en Denemarken dêrfoar te misbrûken, sjoen de sterke reputaasje fan Skandinavië op it mêd fan minskerjochten. Hooplik biedt Dútslân Puigdemont polityk asyl oan. It soe wol hiel wrang wêze as skielk Puigdemont feroardiele wurdt op basis fan fasistyske wetten fan Franco, de grutte freon fan Hitler!

Jehannes Elzinga – Frjentsjer

april 17, 2018 20:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.