Programma Nacht van de Filosofy Fryslân

april 16, 2018 10:30

Ofbylding: Nacht fan de Filosofy Fryslân

April is de Moanne fan de Filosofy en yn dat ramt wurdt yn Ljouwert op sneon 21 april alwer de alfde edysje fan de Nacht fan de Filosofy Fryslân holden. Dit jier op in bysûndere nije lokaasje, nammentlik yn de Blokhúspoarte, de eardere finzenis yn Ljouwert. It tema is ‘Ferbylding oan de Macht’.

Oer it tema
Minsken stelle harsels graach sintraal, as middelpunt fan it hielal of as kroan op de skepping. Us ideeën en ferbylding hawwe ús fier brocht. Mar binne wy de iennigen dy’t har in foarstelling foarmje kinne oer omjouwing, takomst en alternativen? Wy libje yn in omjouwing dy’t wy tinke te beynfloedzjen, of is dat mar ynbylding en wurde wy bepaald troch de wrâld om ús hinne?

Op de Nacht fan de Filosofy Fryslân is te belibjen wêr’t ferbylding út bestiet, hokker talen dy sprekt en hoe’t it wurket. De dielnimmers kinne ûndekke hoe’t de ferbylding wekker te roppen is en hoe’t waarnimming, gefoel en gehoar ynfloed hawwe op jins ideeën en wrâldbyld.

Programma

Ofbylding: Nacht fan de Filosofy Fryslân

Freed 20 april – Nachtlike tocht troch Ljouwert
De Nacht fan de Filosofy Fryslân wurdt ynlaat mei in nachtlike tocht fan twa oeren troch Ljouwert. Fan sinneûndergong ôf lûke de Dútske keunstners Christian Faubel en Ralf Schreiber mei fyts en overheadprojektor troch de Ljouwerter binnenstêd om op ûnferwachte plakken it publyk te ferrassen mei mearkeseftige tafrielen fan byld en lûd. Dêr kin elkenien oan meidwaan. Start is om 21.00 oere by de Blokhúspoarte. De tocht sil sawol freed 20 april as sneon 21 april holden wurde.

Sneon 21 april – Nacht fan de Filosofy Fryslân
Middeisprogramma foar bern en folwoeksenen
Filosoof Jan Bransen byt de middeis it spit derôf mei syn lêzing ‘Wurde wa’t je binne’, in teatrale foardracht oer karstress, imago-management en YOLO. Dêrnei sil keunstner Koos Buist in presintaasje jaan oer in nije wrâld dy’t er ‘ûntdutsen’ hat en dy’t earne ferskûle leit yn it Waad. Albert Bouwman slút it middeisprogramma ôf mei in ynteraktive lêzing oer ‘Ferbylding ferneatigje en skeppe’.

Filosofy foar bern
Bern hoege har dêr absolút net by te ferfelen, want fan 15.00 oere ôf kinne se de hiele middei lang loftkastielen bouwe mei LEGO BuildToExpress en in mega-wrâldbol meitsje fan maispops. Meidwaan is fergees.

Jûnsprogramma
It jûnsprogramma set om 19.30 oere útein mei in kar oan bekende filosofen, tinkers, skriuwers en keunstners, dy’t har allegear bûgje sille oer it tema Ferbylding oan de Macht. Te gast binne: Bastiaan Blaauw (Coöperatie 2018 – Kulturele Haadstêd 2018), Albert Bouwman, Jan Bransen, Koos Buist, Ignaas Devisch, Jan Drost, Dimitri Goossens, Ger Groot, Erik Heijerman, Marli Huijer, Frank Meester, George Kabel, Arjen Kleinherenbrink, Marjolein Lanzing, Jannah Loontjes, Marlou van Paridon, Kris Pint, Evert Meijer (âld-medikus en arbeidsepidemiolooch), Jelle de Visser, Theo Meereboer, Petra Bolhuis en Judith Spijksma (kurator fan de útstalling Escher op reis, meikoarten te sjen yn it Frysk Museum). Dêrneist binne der wurksjops en ynteraktive útfieringen fan Lies van Huet (keramyk) mei Floris van der Marel (Frisian Design Factory), Gooitsen Eenling (drama- en teaterdosint) en studinten fan it Ljouwerter learbedriuw O3. It Dútske duo Faubel en Schreiber giet op ’e nij foar in nachtlik aventoer de stêd yn.

Nacht fan de Filosofy Fryslân | Datum: 21 april 2018 | Lokaasje: Blokhúspoarte, Blokhúsplein 40, Ljouwert. Sjoch foar tagongskaarten en it folsleine programma op www.nachtvandefilosofiefryslan.nl.

april 16, 2018 10:30
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Abe april 16, 11:04

    Wedzje dat der net ien Frysktalige lêzing by is?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*