Proef Sjongende Dyk mislearre 

april 10, 2018 07:22

Klink dan en daverje… (foto: Provinsje Fryslân)

De proef mei de ribbelmarkearring op de N357 by Jelsum hat mar koart duorre. De omwenners hiene der sa’n lêst fan, dat it stik dyk dêr’t it om giet is al ôfsletten. Kommende nacht  wurde de proefstreken derôf helle.

De Provinsje woe útfine watfoar effekt dy foarm fan reklame foar FL2018 hie, mar dat wurdt him no dus net.

april 10, 2018 07:22
Skriuw in reaksje

5 opmerkingen

  1. Johannes april 10, 17:05

    Frou Poepjes hie dit better dwaas kinne litten op ‘e Ôfslútdyk. Dêr leit al in ribbelstreak, de kin wol wat útwreide wurde. Dêr wenje gjin minsken by dat bensinestasjon, wat er lâns de dyk stiet.

  2. HJW april 11, 12:19

    Idioater kin ek hast net. Opromje dy boel en dit soarte fan anty-reklame gau ferjitte!

  3. Jehannes Elzinga april 12, 15:14

    As ik it stikje dyk op de foto sjoch, liket it der net botte op dat dêr huzen deun njonken de dyk steane. Is net útsocht hoefolle lêst de omwenners echt hiene? It is wol hiel koart troch de bocht om by de earste de bêste klacht de ribbelmarkearring wer fuort te heljen. As ik yn de krante seach hokker minsken klagen, binne dat benammen Hollânsktaligen. Faaks moasten dy net folle fan it Frysk hawwe en wie dat de echte reden fan harren argewaasje…. Faaks kin der noch in proef dien wurde mei in wilhelmusribbelmarkearing, ris sjen hoefolle klachten der dan komme…

  4. Hollân Wint april 13, 20:56

    En dan sa’n Johannes Kramer mei syn: ”in stikje Fryslânpromoasje fan jewelste”. Sy skuorre har’ de bûsen út yn ”Hollân”, it bûtenlân en Friezen mei ferstân foar twa ek.
    En Jehannes, jo erchtinkendheid …., moat net slimmer wurde.

  5. Hollân Wint april 13, 20:56

    En dan sa’n Johannes Kramer mei syn: ”in stikje Fryslânpromoasje fan jewelste”. Sy skuorre har’ de bûsen út yn ”Hollân”, it bûtenlân en Friezen mei ferstân foar twa ek.
    En Jehannes, jo erchtinkendheid …., moat net slimmer wurde.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*