Proef legale wiit giet gelyk op mei foarljochting

april 3, 2018 11:34

Marijuana (foto: morguefile.com)

By it eksperimint foar legale wiittylt komt in lanlike foarljochtingskampanje, dy’t minsken wize moat op de gefaren fan it smoken fan kannabis. Dat docht bliken út it konsept wetsfoarstel dat it kabinet foar advys nei ûnder oare justysje, plysje en de Vereniging van Nederlandse Gemeenten stjoerd hat, berjochtet de Volkskrant.

Yn ’e krante stean mear details oer de nije wet dy’t de proef mei de legale wiittylt mooglik meitsje moat. Sa moatte klanten dy’t de ‘legale wiit’ keapje yn coffeeshops aanst aktyf wiisd wurde op de risiko’s fan it gebrûk en komt der op de ferpakking te stean hoefolle fan de wurksume stof THC deryn sit.

It kabinet hat yn it regearakkoart ôfpraat dat der in proef komt foar in legale tylt fan kannabis. It wie al bekend dat seis oant tsien gemeenten aanst meidwaan meie oan it eksperimint, dat fiif jier en twa moanne duorje sil. In kommisje soe it kabinet advisearje moatte wat de juste hannelsomfang wurde moat, en foar hokker priis de drugs ferkocht wurde moatte. It eksperimint soe op syn betiidst, as de behanneling yn Twadde en Earste Keamer flot ferrint, ein takom jier of begin 2020 úteinsette kinne.

april 3, 2018 11:34
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.